Jouswierpolder

Ut Wikipedy
Jouswierpolder

De Jouswierpolder of Jouswiersterpolder is in polder en natoergebiet by Jouswier yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Oan de westkant fan Jouswier leit polder de Marlannen. It Mûzerid is in natuerlik streamke dat fan súdwest nei noardeast troch de Marlannen rint. Oan de Mûzerid leine twa markes, de Jouswierstermar en it Mellemamarke, neamd nei de Mellemastate by Eastrum. De stigende seespegel yn de 2e en 3e iuw nei Kristus soarge foar de ôfsetting fan knipklaai yn it gebiet, boppe-op de oanwêzige feangrûnen. Hjir waard yn de Midsieuwen sâlt wurden fean ôfgroeven en ferbaarnd om sa sâlt te winnen, de saneamde moernearring.[1]

Dat wiisde op de lege lizzing fan dit gebiet, dat yn it ferline gauris ûnder wetter strûpte en inkeld simmerdeis drûch wie. De hieropbringst fan de lannen dêr’t de dûmny fan Jouswier fan betelle wurde moast, wie dan ek net heech.[2] Al yn 1581 hie Jouswier in lytse pastorij en wie it doarp eigentlik net by steat om in predikant yn tsjinst te hawwen. [3]

De ôfwettering fan Eastdongeradiel rûn troch de Ezumasyl en de Eastrumersyl. De Eastrumersyl waard ûnderhâlden troch de doarpen Ealsum, Jouswier, Mitselwier, Eastrum en Wetsens. De syl waard yn 1672 opheft. It tichtslykjen fan de De Peazens en opstowend boezemwetter út de provinsje, makke dat Eastdongeradiel faak mei oerstreamings te krijen hie. Sa kaam it wetter fan Westdongeradiel binnen fia de Jaarlasleat by Wetsens, krekt bewesten Jouswier. De sitewaasje waard slimmer doe’t yn 1729 de slûs Dokkumer Nije Silen oanlein waard. Dêrmei kamen alle slûzen om de stêd Dokkum te ferfallen en krige Eastdongeradiel noch mear wetter te ferwurkjen.

Yn 1821 waard in oplossing makke troch de oanlis fan in dyk fan Dokkum nei Holwert om sa de polder East- en Westdongeradiel te meitsjen.[4] Om de simmerpolder by Jouswier en it lân tusken Eastrum en Ie definityf yn te polderjen, waard yn 1854 in ynpolderingskontrakt sluten foar goed 204 ha. Yn 1851 waard de brekfallige wurden wettermûne fan de Jouswierpolder ôfbrutsen en ferfongen troch in nije dy’t op de Suder Ie útsloech.[5] Dy mûne waaide yn 1926 om en waard ferfongen troch in elektrysk gemaal.

Neffens de kaart fan Wopke Eekhoff waard de Jouswierstermar yn 1855 drûchlein. De Jouswiersterpolder wie oant 1910 in partikuliere polder. Yn dat jier waard it wetterskip Jouswier oprjochte.[6] It gebiet wurdt hjoed-de-dei beheard troch Steatsboskbehear.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berg, H.M. van den, 1983. Noordelijk Oostergo. Dongeradelen. 's-Gravenhage: SDU útjouwerij.
  2. Columba, W., 1766. Naamlyst der heeren predikanten, die onder 't ressort van de E. classis van Dokkum, zedert de Reformatie, gedient hebben. Ljouwert: Pieter Koumans.
  3. Bergsma, W., 1999. Tussen Gideonsbende en publieke kerk: een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650. Hilfertsom: Utjouwerij Verloren.
  4. Jongsma, Tj., 2012. Archiefinventaris 002 Oostdongeradeel 1657-1928 Oostdongeradeel Periode tot 1795. [online] Beskikber opa: Hicnof.nl. [Besjoen op 25 jannewaris 2019].
  5. Molen Databank, 2010. Jouswiersterpolder, Jouswier. [online] Beskikber op: Molendatabase.nl. [Besjoen op 25 jannewaris 2019].
  6. Argiven Tresoar, 2012. Archieven van de voorgangers van het voormalige waterschap Tusken Waed en Ie - Waterschap Jouswier. [online] Beskikber op: Argiven.Tresoar.nl. [Besjoen op 25 jannewaris 2019].
  7. Hoekstra, G., 2017. Grote opknapbeurt voor natuur in Noard-Fryslân. Staatsbosbeheer Boswachtersblog, [blog] 27 novimber. Beskikber op: Boswachtersblog.nl. [Besjoen op 25 jannewaris 2019].
Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken