Springe nei ynhâld

Oerlis:Jouswierpolder

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Tulp8: Goeie. Jo wolle hawwe dat polder de Marlannen westlik fan Jouswier leit. Dat is lykwols net sa. De Marlannen is fanâlds de oantsjutting fan it fjild om de eardere Jouswierster mar hinne, de namme seit it al, in stik súdwestlik fan Jouswier. Ik tink dat de Jouswiersterpolder en (polder) de Marlannen hjoed-de-dei as ien en deselde beskôge wurde kinne. Punt is wol dat de oantsjutting Marlannen op de trije histoaryske kaarten en ien resinte dy't ik rieplachte ha net foar komt, dat dêr soe oer de begrinzging striden wurde kinne. Drewes (oerlis) 26 aug 2019, 18.35 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: - De ynformaasje komt fan de Nederlânske Wikipedia. Yn dy kontreien bin ik eins net bekend. Der leit al in 't Marlân oan de westkant fan Folsgeare, mar dat leit in hiel ein fan Jouswier en is dus in oar Marlân. Kinne jo de tekst ek sa oanpasse dat it yn oerienstimming komt mei wat jo hjirboppe skriuwe? Hat men it om Jouswier trouwens oer Jouswierpolder of oer Jouswiersterpolder? Tulp8 (oerlis) 26 aug 2019, 20.44 (CEST)[beäntwurdzje]
@Tulp8: De kaarten en Wetterskip Fryslân hawwe Jouswierpolder yn alle gefallen as offisjele namme. Doe't ik as jonkje yn dy kontreien omsloech hiene wy it allinne oer de Marlannen. Ik bin eins fan doel om Marlannen en Jouswierpolder yn elkoar te skowen, mar sil earst noch wat 'ûndersyk' dwaan. Drewes (oerlis) 27 aug 2019, 18.39 (CEST)[beäntwurdzje]