Sparjeburd
Sparjeburd is in buorskip yn de gemeente Opsterlân. Sparjeburd leit noardeastlik fan De Himrik, dêr't it by heart, en besúdeasten Beetstersweach. De namme komt ek foar as Sparrebird, Sparjebirt en Sparrje Bird. Mooglik giet it om in fersperring dy't mei in leidyk yn it fean te krijen hat.
Wurkkampen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Nederlânske Arbeidstsjinst (NAD) hie yn de Twadde Wrâldkriich twa wurkkampen by Sparjeburd: Kamp Himrik Noard (Kamp Christiaan de Wet) en Kamp Himrik Súd (Kamp Antony van Leeuwenhoek). Nei de oarloch wie it kamp oant 1 juny 1947 in Bewarings- en Verblijfskamp voor Jeugdige Politieke Delinquenten yn it ramt fan de Bysûndere Rjochtspleging. Op dy datum waard it nammentlik oerdroegen oan Bureau Bijzondere Jeugdzorg, dy't der ôf woe.
Rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de jierren '60 en '70 wie de bosk mei boartersgreide in populêre bestimming foar spulwiken foar de jeugd en skoalreiskes.
Yn july 1969 is de boartersbosk fan Sparjeburd offisjeel iepene. Yn Sparjeburd is no in rekreaasje-oarde mei in iepenloftteater, eigendom fan Steatsboskbehear. 2010/2011 hat Steatsboskbehear de bosk opknapt, De offisjele iepening wie op 17 maaie 2011.[1]
-
Iepenloftteater
-
Boartersbosk
-
Kursussintrum Sparjeburd
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | |
---|---|
Haadplak: Beetstersweach | |
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | |
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden |