Springe nei ynhâld

Bysûndere rjochtspleging

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bysûndere Rjochtspleging)

De bysûndere rjochtspleging wie de rjochtspraak dy't nei de befrijing fan Súdlik Nederlân it doel hie om al dejingen te berjochtsjen dy't harren yn Twadde Wrâldoarloch yn Nederlân skuldich makke hiene oan fral kollaboraasje, heech- en lânferrie en oarlochsmisdieden. Op 5 novimber 1945 waard it Direktoraat-Generaal foar Bysûndere Rjochtspleging (DGBR) ynsteld op it Ministearje fan Feiligens en Justysje, dat de lieding oer de organisaasje hie. Der waarden 14.000 útspraken dien, dêrfan wiene 145 deastraffen.

Nei alle wierskyn binne der sa'n 150.000 persoanen arrestearre yn it ramt fan de bysûdere rjochtspleging. Ut reden fan dat grutte tal koene al dy lju net ferfolge wurde; hast 90.000 waarden dêrom in de rin fan de tiid (mei betingst) bûten ferfolging steld. De Bysûndere Gerjochtshoven hawwe tsjin goed 14.000 persoanen (dêr't 242 Dútsers ûnder wiene) straffen útsprutsen.[1]

Fan dejingen dy't ta de deastraf feroardield wiene waarden mar 42 wier fusillearre. Dêr wiene Max Blokzijl, Anton Mussert en, as ienichste frou, Ans van Dijk ûnder.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. dr. L. de Jong, Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog: deel 12, Epiloog, eerste helft. De Haach, SDU-Utjouwerij, 1988, s. 620