Springe nei ynhâld

Bultmûne

Ut Wikipedy
De âldste bultmûne fan Nederlân: de Greeflike Nôtmûne fan Zeddam

In bult- if berchmûne is in mûne dy't op in (faak keunstmjittige) bulte stiet.

De yn 1937 nei eardere ûntakeling ôfbrutsen bultmûne op Sparjeburd ûnder Weinterp

De funksje fan in bultmûne is yn 'e regel it meallen fan nôt en troch de bult hat de mûne gjin stelling nedich. In trochgong yn de bulte makket it mooglik om mei karren ûnder de mûne te riden om dêr te laden of te lossen. As der mar ien tagong oanwêzich is, moat de wein efterút de mûne yn.

In bultmûne kin fan hout of fan stien wêze. Stiennen bultmûnen binne âlder. De âldste mûne fan Nederlân is in stiennen bult- en toermûne, de Greeflike Nôtmûne fan Zeddam. De bultmûne mei de heechste bulte is de Korenbloem yn Ulvenhout (Noard-Brabân).

Yn Fryslân komt dit mûnetype net mear foar. De tichtstbysteande bultmûnen steane yn Drinte. Bekend is dat der yn Fryslân trije fan dit type stien hawwe:

  • Makkingea: de mûne fan Zeephat, boud yn 1870, ôfbaarnd yn 1912 [1]
  • Donkerbroek: de mûne fan v/d Wulp, boud yn 1808, foar 1922 ôfbrutsen [2]
  • Sparjeburd by de Himrik: mûne De Vries, boud yn 1884, yn de jierren 1920 ûnttakele en yn 1937 ôfbrutsen [3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: