It Foarwurk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Foarwurk is in buorskip ûnder Sigerswâld yn Opsterlân. Hy leit east fan de Bakkefeanster Feart. Op it Foarwurkerfjild wie in soad heide - fjild is heide - mar de Grinzer kant op ek in soad heechfean. Der stie earst wierskynlik ien en letter twa pleatsen "It Foarwurk". Dy wiene yn de Midsiuwen úthôf fan it kleaster fan Smelle Ie. De famyljenamme Uthof is dêrfan ôflaat. It buorskip hie eartiids in iepenbiere en in kristlike skoalle.

Iepenbiere basisskoalle 't Foarwurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1922 oant 2012 hie it Foarwurk in iepenbiere legere skoalle. Om reden fan te min learlingen moast de skoalle de doarren slute yn augustus 2012 en is er fusearre mei de iepenbiere basisskoalle De Skâns yn Fryske Peallen. In gearwurking tusken 't Foarwurk en De Foarikker yn Sigerswâld yn de foarm fan in brede skoalle hie net genôch stipe fan de âlders fan dy skoallen.[1] It eardere skoalgebou oan it Foarwurk waard om 1922 boud.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Voorwerk, Het.
  • Karel F. Gildemacher, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, Voorwerk
  1. Ouders keren brede school in Siegerswoude, Foarwuk sluit, 01-02-2012, De Woudklank, geraadpleegd op 30 april 2014.