Jonkerslân

Ut Wikipedy
Jonkerslân
Flagge fan Jonkerslân Wapen fan Jonkerslân
Flagge Wapen
[[Ofbyld:|300px|Lokaasje fan Jonkerslân]]
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2005) 296
Webstee www.jonkersland.nl
Jonkersland.jpg

Jonkerslân is in doarp yn de gemeente Opsterlân, súd fan Gordyk. It hat 296 ynwenners (1 jannewaris 2005) en is dêrmei it op ien nei lytste plak fan Opsterlân. De Feanboarch is de nijbou fan it doarp.

Buorskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkerslân is in nij doarp. It hat lang in part fan Langsweagen west. Sa om 1850 hinne kaam der wat wy no in ferieniging foar doarpsbelang neame soenen. De oantekenboeken fan dizze feriening binne bewarre bleaun en binne no yn it museum fan 'e Gordyk. Yn 'e rin fan tiid binne de doarpsgrinzen yn Opsterlân feroare. De buorskippen Jonkerslân en Fûgelsang binne doe it doarp Jonkerslân wurden.

Doe't it boerebedriuw efterút rûn binne der foaral minsken dy't harren wurk yn Gordyk hawwe, wenjen gien.

It doarp hat noch in skoalle, De Lytse Jonker. Der wurdt ek war dien om toeristen oan te lûken. Jonkerslân is bekend om de moaie beamwâlen.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarpshûs fan Jonkerslân is De Lytse Jonker. Dat gebou begûn as de pleatslike basisskoalle, mar doe't dy yn 2014 slute moast, waard it omboud ta it nije doarpshûs. It âlde doarpshûs, "Us Doarpshûs", waard dêrnei ferkocht en krige in nije funksje as wenhûs. Yn it doarp is fierders is in spesjale Boarterstúnferiening, in Feestkommisje en in Aktiviteitenkommisje. Ein maaie, begjin juny is it jierlikse doarpsfeest. It Freonetal is de toanielploech fan it doarp. "Jarrewetter" is it pleatslike slokje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkerslân hat syn namme krigen troch Piter Dekema. Piter Dekema wie, neist dat er riedshear by it Hof fan Fryslân wie, ek ûndernimmer. Der kaam ferlet fan turf yn Hollân. Dekema wie ien fan de kompanjons fan de Skoatterlânske Kompanije. Dochs hy hie foar himsels ek in eigen feanterij. Der wurdt wol tocht dat Dekema feanterij yn Opsterlân, sa om 1560 hinne begûn is mei syn sweager Boudewijn van Loo. Foar it ferfieren fan de turf waard de Jonkersfeart groeven. Dizze feart sluet wer oan by de oare fearten dy't foar dit doel groeven binne. De Jonkersfeart is net mear befarber. Doch is de feart noch werom te finen yn it lânskip.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bonteboksleane, De Nije Sleat, Feanboarch, Fûgelsang, Jelle Beenenwei, Langewyk, Sing-Sang, Twadde Kompanjonswei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
Flagge fan de gemeente Opsterlân
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden