Lúkswâld

Ut Wikipedy
Lúkswâlde
Flagge fan Lúkswâlde Wapen fan Lúkswâlde
Flagge Wapen
Lokaasje fan Lúkswâlde
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2019) 441
Webstee www.luxwoude.net

Lúkswâld (ek wol Lúkswâlde) is in feanûntginningsdoarp yn de gemeente Opsterlân, west fan De Gordyk. It doarpswapen hat dêrom in turf. De huzen steane yn in lint oan de Hegedyk, de Alde Leane en de Lúkster Heawei. It doarp hie likernôch 412 ynwenners (2005) en leit yn it westen fan Opsterlân yn it feanûntginningslânskip. It doarp leit flak lâns de snelwei A7 tusken De Gordyk en It Hearrenfean en is berikber fan De Tynje, De Gordyk en Tsjalbert ôf.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1315 stie yn Lukeswalde, sa't it doe neamd waard, in kapel of tsjerke. Dy is letter ferdwûn. Yn elts gefal yn de 17e en 18e iuw tsjerken de Lúkswâldsters yn it buordoarp Gersleat yn de gritenij Aenjewier.[1][2]

Lúkswâld is in streekdoarp dat him pas let foarme hat. Lúkswâlde wie lange tiid it lytste doarp fan de gritenij Opsterlân. It doarp hie mar tsien stimhawwende sates. Yn 1749 wennen der noch mar trije húshâldings. Op de gritenijkaart fan Schotanus út it begjin fan de 18e iuw is it in streekje mei losse bebouwing lâns de diken en paden nei it noarden: de haadwei is troch de feanen rjochting Gersleat en It Hearrenfean. Fierder de wat eastliker rinnende Heawei nei de ‘Luxter Tinie’, dy't folle letter útgroeie soe ta De Tynje.

Oan de ein fan de 18e iuw is it noch altiten lyts. De 'Tegenwoordige Staat van Friesland' melde doe: een klein Dorpje [..] op de grenzen van Aengwirden, niet verre van Gersloot, waar onder dit Dorpje in ’t Geestelyke behoort. De landen, die tot dit Dorp behooren, loopen voorby Gersloot in een punt ten einde, op de kaart bekend onder den naam van Luxter Horn, en over dezelve loopt, van den Veenster rydweg, een hooiweg naar Luxter Tinie.

It doarp hat nea in tsjerke hân en hearde al yn de 16e iuw tsjerklik by Gersleat yn de oangrinzjende gritenij Aenjewier. Lúkswâlde lei op de grins fan in leechfean en in heale iuw letter wie de omjouwing fan it doarp troch de turfwinning dramatysk feroare. Op de gritenijkaart fan Eekhoff fan 1848 lizze benoarden it doarp ûnúteagbere plassen troch de leechfeanterij, wêrby't allinnich de beide neamde diken sparre bleaun binne. De plassen rinne oant foarby De Tynje, dêr't de ferfeantingen yn folle gong wiene. Troch dy ferfeantingen is it lytse doarp, mei yn de midden fan de 18e iuw noch gjin tsien ynwenners, sterk groeid. Begjin 19e iuw wenje der mear as 300 minsken op de smelle stripen lân oan beide kanten fan de dyk.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pleatslik Belang bestie yn 2002 hûndert jier en fierde dat mei in eksposysje yn de tsjerke. Doarpsskoalle De Hoekstien en doarpshûs 't Trefpunt steane oan de Hege Dyk. Der binne trije buertferienings:Opwei, Alde Leane en Twaspan. Yn it twadde wykein fan septimber is it doarpsfeest. Tsien kear yn 't jier ferskynt de Doarpskrante dêr't ek skoalnijs yn stiet.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Vriendenkring - toaniel
  • It Fortún - biljerten
  • Reisferiening
  • Stifting Sweefmole
  • Deelenruters

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alde Leane, De Opslach, De Weech, De Wyngaarden, Hegedyk, Lúkster Heawei, Nije Leane.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pierius Winsemius, Chroniqve ofte historische geschiedenisse van Vrieslant beginnende vanden jaere nae des werelts scheppinghe 3635. ende loopende tot den jaere nae de gheboorte Christi. 1622., Frjentsjer, 1622, Paragraaf oer Opsterlandt.
  2. Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden, Diel 15, Amsterdam, Leien, Doardt, Harns, 1788, side 486 en 580.
 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
Flagge fan de gemeente Opsterlân
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden