Tsjalbert

Ut Wikipedy
Tsjalbert
Flagge fan Tsjalbert Wapen fan Tsjalbert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tsjalbert
Gemeente It Hearrenfean
Ynwennertal (2019) 840
Webstee Webstee fan Aenjewier
De Aengwirder Tsjerke yn Tsjalbert
Lizzing Gemeente It Hearrenfean

Tsjalbert (Tjalleberd) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Tsjalbert leit yn it noardwesten fan de gemeente en foarme foar 1934 mei de doarpen Terbant, Lúnbert en Gersleat de gemeente Aenjewier. Oan de noardkant fan it doarp lizze De Deelen. Tsjalbert komt foar as Jellebert of Tialbert of Tjallaberd of Tiallabert of Tiallaberd of Tyallebyrd of Thyellaberd.

Op de earste kadasterkaarten wie der om Tsjalbert hinne mear bosk as tsjintwurdich. It doarpswapen hat dan ek in iik, krekt as by in soad oare doarpen yn Sânwâlden, mei de it devys Regeneratio (Werberte). In stik bosk oan de súdkant wie eigendom fan Tjeerd Geerts van Roeden, út Sechtjinroeden. It rjochthûs fan de eardere gritenij stie yn Tsjalbert.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjalbert hat in feriening foar Pleatslik Belang dy't syn gearkomsten hat yn Doarpshûs. Foar it doarp is in doarpsfyzje opsteld. Aengwirden Aktief is de doarpskrante. De Streek en Anjewier binne de skoallen fan it doarp. Opfallend is, dat it doarp mei mar 782 ynwenners in selsstannich brânwachtkorps hat.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
761 646 450 436 514 737 735 737 755 765 786 782

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de strjitten fan Tsjalbert.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
Flagge fan de gemeente It Hearrenfean
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen