Mildaam
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | It Hearrenfean | ||||
Ynwennertal (2010) | 708 | ||||
Webstee | Webstee Mildaam |
Mildaam (Mildam) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, net fier fan de Tsjonger. It doarp leit east fan It Hearrenfean yn in boskrike omjouwing en oan de noardside fan de rivier de Tsjonger.
Mildaam is al iuwen âld. It leit op in sânrich, dat der hawwe grif in it fiere ferline al minsken wenne, mar yn alle gefallen wurdt it doarp Mildaam al yn 1408 yn in skriftlike boarne neamd. Der moasten doe 50 "âlde skylden" betelle wurde oan de biskop fan Utert. It doarp lei oan de ferbiningswei tusken de hege sângrûnen fan Drinte en Gaasterlân. Oan de súdkant rûn de Tsjonger en yn it gebiet wie lang turfgraverij. Meyledam waard it ek wol neamd. It doarp hat lang it sintrum wêst foar de agraryske omkriten en wie dit sa sear dat it sûnt 1682 in jiermerk hie en yn de 19e iuw mar leafst twa. Mar tiden feroaren, en yn 1952 binne de jiermerken wer ôfskaft.'
Op 18 novimber 2009 is de Eijsboutsklok fan Nijskoat hûng yn de klokkestoel fan Mildaam.
Wat ek feroare is, is dat Mildaam in skoftke in aparte gemeente west hat. Yn de Frânske tiid foarme it in aparte "kommune", tinklik tegearre mei Brongergea en Nij-Brongergea. Dêrfoar en dêrnij wie it part fan de eardere gritenij en letter gemeente Skoatterlân, oant yn 1934 de nije gemeente It Hearrenfean foarme waard. Yn 1900 wienen der 120 huzen, dêrnei kamen grutte feroarings. Der kaam in molkfabryk en in wenningbouferiening.
Mildaam is hjoed-de-dei in doarp mei in soad op-en-del reizgers, mar it is ek it doarp dêr't oan de Yntzeleane oan de Eko-katedraal fan Louis G. le Roy boud wurdt.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pleatslik Belang is der sûnt 1904. De Tsjongerskoalle is de doarpsskoalle, de eardere skoalle hat der stien fan 1829-1963. De skoalmasters wienen eartiids al progressyf. Sa die skoalhaad J.Kramer om 1902 hinne al proeven mei keunstdong. Hy helle gaskalk, in ôffalprodukt fan it gasfabryk en liet dat oer de lannen bringe. It lân brocht sa wol mear op, mar it stjonkte omraken. Der wie al winterûnderwiis sûnt de 17e iuw. De Lytse Kompanjon is it pjutteboartersplak.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Twa Doarpen - toaniel
- Fuotbalferiening Mildaam
- De Trijehoek - kuorbal
- DTT - gymnastyk
- De Tsjongerruters - hynsteriden
- Follybalferiening Mildaam
- De Bledde Boulers - jeu de boule
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
491 | 481 | 472 | 539 | 611 | 724 | 741 | 730 | 724 | 715 | 702 | 717 | 708 |
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De strjitten fan Mildaam mei ferklearring fan de nammen.
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Line fan Qbuzz:
- Line 15: It Hearrenfean - Aldskoat - Mildaam - Ketlik - Nijhoarne - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Jobbegea - Hoarnstersweach - Donkerbroek - Easterwâlde - Appelskea - Smilde - Bovensmilde - Assen
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | |
---|---|
Haadplak: It Hearrenfean | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | |
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen |