Strjitten yn Mildaam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Strjitten fan Mildaam)

De Strjitten yn Mildaam:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

B[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Brêgeleantsje – De brêge oer de Tsjonger is yn 1886 by de kanalisaasje boud. Eartiids sil der in fuorge (ek: waad) west hawwe. De befrijing fan de gemeente fan de Dútske besetters begûn op dizze brêge. Op 12 april 1945 namen de Kanadezen har yn besit en teagen dêrnei oer de brêge de gemeente binnen - neidat der noch wat lichte skermutselingen mei de Dútsers west hienen.

D[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Dobbe - De Dobbe (kûle of plasse) fan Mildaamlei earder op dit plak.
  • De Karn - In tsjerne waard earder brûkt op in buorkerij.
  • De Wiksel – Oanlein yn 1970. De namme ferwiist nei it wikselplak fan reeën, dat hjir foar de oanlis wie.
  • Dobbepaad – fuotpaad tusken "De Dobbe" en de "Moleleane".

F[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fersetsleane – Yn april 1945, by de befrijing fan de gemeente troch de Kanadezen, hawwe fersetsstriders yn dit terrein, dêr’t se mangatten groeven hiene, aktyf west.

J[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jaachpaad – nei it paad dêr’t minsken of hynders de skûten lutsen..

K[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kanadezeleane - Op tongersdei, 12 april 1945, kamen inkele Kanadeeske striidweinen by Mildaam de gemeente binnen oer de brêge dy’t de Dútsers ferjitten hienen te fernielen. De befrijing fan de gemeente, dy’t mar in pear dagen duorre hat -op 15 april ferdwûnen de Dútske besetters hielendal út de gemeente - begûn dus yn Mildaam. Yn de omjouwing fan Mildaam is noch frijwat sjitten om de restanten fan de Dútske besetting te ferdriuwen - de wente fan de hear J. Huisman rûn dêrby nochal wat skea op. De Kanadeeske soldaten bivakkearden, tagelyk mei in oantal fersetsstriders, op it terrein, wêr’t de Kanadezeleane oanlein is.

M[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Milhûs - De U-foarmige strjitte west fan De Tsjerne en dêrmei op twa plakken ferbûn. Neamd nei it middelste diel fan in pleats.
  • Mûneleane – Leit foar in diel yn Mildaam en diel yn It Oranjewâld, de namme is al tige âld. Al foar 1700 stie hjiroan de Mildaamster roggemûne - op de kaart fan Schotanus fan 1718 komt de mûne foar, mar hy is wis fan folle âlder datum. It is net bekend wannear”t de mûne ôfbrutsen is. Yn 1795 wurdt er noch yn guon stikken neamd, mar op de kaart fan Eekhof fan 1848 wurdt er net mear oanjûn. Op dy kaart wurdt de leane lykwols al Mûneleane neamd. Yn it belestingkohier fan 1799 komt de mûne net mear foar. Fermoedlik is hy dus ôfbrutsen, alteast bûten wurking setten tusken 1795 en 1799. Neffens de oerlevering is ien fan de oan de leane steande hûzen it âlde mûndershûs.

S[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Skoatterlânskewei – Wei fan de "Marktweg" op It Hearrenfean (earder Aldskoat) yn eastlike rjochting nei Donkerbroek oan de grins fan Eaststellingwerf ta. De wei rint no fan It Hearrenfean- mei in fytstunnel ûnder de A 32 troch– oer Aldskoat, Mildaam, Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne Jobbegea en Hoarnstersweach.
  • Van Aylvaleane - "Hans Willem, ryksbaron fan Aylva, bynamme 'De Untsachlike',(Holwert, 1633Leuven, 1691), wie luitenant-admiraal fan it Frysk eskader byj de tocht nei Chatham. Wie yn 1672 luitenant-generaal (ynfantery) by de ferdigening fan Fryslân tsjin de Munstersen. Hy fierde doe guerille yn de buert fan It Hearrenfean, yn steat fan ferdigening brocht troch ierden skânsen (Lindeliny). Hy waard yn 1673 ûnder oerbefel fan Johan Maurits fan Nassau setten. De striid ferpleatste him nei Oerisel. Ferwûne by Senef (1674), stried noch by Walcourt (1689) en Fleurus (1690). Nei de Munstersen en de Biskop fan Munster ferwiist noch de "Biskopleane" yn Ketlik, wêr de oanfallers, neidat se troch in waad yn de Tsjonger nei it noarden trochkrongen wienen, weromslein waarden.

W[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Weversbuert - De "Weversbuert" leit foar in diel yn Mildaam en foar it oare part yn Ketlik en waard eartiids ek al sa neamd. By de earste folkstelling (1830) weaarden yn Mildaam (en omkriten) ferskate wevers registrearre en in oantal dêrfan wenne oan dizze wei. De wei stie al (sûnder namme) oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.

Y[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yntseleane – Fan de ein fan de "Van Aylvaleane" by de "Fersetsleane", yn de rjochting fan de "Weversbuert". Eartiids hiet de hiele wei fan de Skoatterlânskewei oant de Weversbuert sa. It súdeastlike stik is yn 1963 omneamd yn "Van Aylvaleane", dêrnei waard de "Van Aylvawei" ferlinge ten koste fan de "Yntzeleane", eartiids folút "Yntse Meeuwesleane" neamd, en yn de 19e iuw "Jan Jeipsleane". De Yntseleane is neamd nei Yntze Meeuwes Hoekstra (Mildaam 1824 - Mildaam 1897), dy't dêr lân hie dat hy kocht hie fan Jan Jeips Heida. Op 'e hoeke fan de Yntseleane en de Weversbuert wenne yn de 20ste iuw lange tiid in Yntze Aukes van der Honing (Nijhoarne, 14 maaie 1876 - It Oranjewâld 1962), mar der is de Yntseleane net nei neamd. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 komt de leane noch net foar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: