Aldskoat

Ut Wikipedy
Aldskoat
Himrik fan Aldskoat
gemeente It Hearrenfean
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 25
Ynwenners (2010) 1512
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 56' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8451
Webstee www.aldskoat.nl
lizzing yn de gemeente It Hearrenfean
Aldskoat

Aldskoat, pleatslik sizze se koartwei Skoat, is een doarp yn de gemeente It Hearrenfean. It net troch It Hearrenfean anneksearre part fan it doarp hie yn 2004 sirka 180 ynwenners. It doarp leit besuden de plakken It Hearrenfean en It Oranjewâld en efkes beëasten Nijskoat It oanswettende buorskip Annebuorren falt kadastraal ûnder it doarp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Drie Pilaren

De âlde beneaming foar it plak is ‘’ Scoete’’ of ‘’Scote’’. Om 1200 hinne wurdt dêr in kleaster stifte by in ienfâldige brêge oer de Tsjonger. Melchior de Grutte wie it lêste haad fan it kleaster.

Nei 1408 sprekke se fan Old Schooten, wat letter Aldskoat wurden is. De namme ferwiist nei 'skoat', in útstekkend stik lân. Fan de Midsiuwen ôf wie it doarp it sintrum fan Skoatterlân, hoewol’t it gemeentehûs fan Skoatterlân oant de opheffing fan dy gemeente yn it tichtbylizzende It Hearrenfean stie. It ûntstean hat te krijen mei in hege sânrêch yn it lânskip oan de bochtige Tsjonger dy’t de boel ek wolris ûnder wetter sette. Oant 1580 stie der ek in hospitaal fan de Dútske Oarder. De famylje Schotanus à Steringa komt fan Aldskoat. Opfallend detail is dat It Hearrenfean doe noch Skoatteruterbuorren neamd waard, wat dúdlik oanjout hoe wichtich as Aldskoat doe wie.

Oant ûngefear 1750 waard der ek rjocht sprutsen yn it doarp en setele de gritenijrie yn Aldskoat.

Fan de bûtenpleatsen grut en lyts Feanwyk is grut Feanwyk yn 1901 ferboud ta it steatlike gebou fan de Julia Jan Wouters-stifting. Lyts Feanwyk is yn 2007 ôfbrutsen. It Woutersberchje is der noch.

De kearn fan it âlde doarp wurdt foarme troch it krúspunt fan de noard-súd as (Marktwei en Wolvegeasterwei) en de east-westas. Dy lêste bestiet út de yn it westlik gedielte fan it doarp begjinnende Peperstraat (dy’’ t by de ynfiering fan strjitnammen yn de 50'er jierren fan de 20e iuw by fersin Kolfbaan neam waaard, in fout dy’t oant no ta altyd noch net wersteld is) en de Skoatterlânskewei (dy’t trochrint oant it doarp Donkerbroek yn Eaststellingwerf). Oan de súdkant fan de Peperstrjitte wie in kolfbaan. Dy waard om 1960 hinne beboud mei trije rigen ienfâldige ‘simplexhuzen’.

Benammen fytsfabryk Batavus en fetsmelterij Smilde hawwe in soad wurkgelegenheid jûn.

Yn de 50'er jierren fan de 20e iuw ûntstie der tusken Aldskoat en Nijskoat in yndustryterrein en yn dyselde tiid waard Rykswei 32 oanlein, dy’t it doarp krekt eastlik fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke trochsnie. Hielendal yn de geast fan dy tiid waard de âlde doarpskearn mei yngong fan 1 jannewaris 1965 ynlive by it haadplak It Hearrenfean. De bewenners wienen dêr net gelokkich mei, sa bliek ek noch yn 1996 doe’t der in grutte aksje wie om de sitewaasje fan foar 1965 te werstellen. Yn 2003 krige It Hearrenfean-Súd, sa’t in anneksearre part hiet, dan ek de âlde namme Aldskoat werom.

Skoattertsjerkje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skoattertsjerke

It Skoattertsjerkje stiet der al sûnt 1305, yn 1610 is der in nije boud mei in sealtektoer. Boppe de doar sit in gevelstien mei de namme Menno Coehoorn fan Scheltinga. Dat wie de grytman dy’t der yn 1750 foar soarge dat de rieds- en rjochtsittingen, oant dan yn "De Drie Pilaren" tenei op It Hearrenfean holden waarden.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It buerthûs hjit "De Rank". Der binne akiviteiten foar de jongerein, mar der wurde ek kursussen jûn.

Skoattermerk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op twadde Pinksterdei is de Skoattermerk. Fanâlds waarden der in soad hynders ferhandele. Op dy jiermerk, dy’t al sûnt 1576 bestiet, binne ek in soad diskes.

Bekende (Ald)Skoatters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1954 1959 1964 1969 1973 2005 2006 2007 2008 2009 2010
903 1044 1272 222 196 1498 1484 1513 1496 1496 1512

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strjitten fan Aldskoat.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Line fan Qbuzz:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Wenwiken fan It Hearrenfean

De Heide | De Greiden | De Ikkers | Hearrenfean-Midden | Hearrenfean-Noard | Nijehaske | Skoatterwâld

Oanswettende buorskippen & doarpen
Aldskoat (1965-2003 Hearrenfean-Súd) | It Mar | It Oranjewâld | Nijskoat

 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
Flagge fan de gemeente It Hearrenfean
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen