Strjitten fan Aldskoat
Appearance
De Strjitten fan Aldskoat:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Annebuorren – fan de tunnel ûnder de "Wolvegeasterwei" ( giet dêr oer yn de "De Kuinder" op It Hearrenfean) mei de Skoatterlânskewei. Keazen is yn 1998 om de histoaryske namme fan it buorskip Annebuorren fêst te lizzen. Annebuorren waard neamd nei Anne Siezes van der Kerk (Tsjerkgaast, jannewaris 1779 – Aldskoat 4 april 1883). Van der Kerk wie timmerman en boude krekt bûten Aldskoat oan de eastkant it earste hûs.
- Ampereleane -
- Archimedeswei -
- Bellstrjitte -
- Benzwei -
- Bessemerstrjitte -
- Bremstrjitte -
- Celsiusstrjitte -
- Costerwei -
- Edisonleane -
- Fahrenheitstrjitte -
- Feanwyk – dearinnende wei yn eastlike rjochting fan de Skoattertunen yn it útwreidingsplan Gaastra’s tunen. By de nammejouwing is tocht oan de flakby lizzende bûtens 'Veenwijk' en 'Klein Veenwijk'.
- Flapsingel – Fan de "Bieruma Oostingwei" yn It Oranjewâld nei de skoatterlânskewei yn Aldskoat. It is in ûnoffisjele namme foar de singel dy’t diels yn de bosken fan It Wâld en in diel yn Aldskoat leit. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 komt de singel al foar.
- Julia Jan Wouterswei – eastlik fan Rykswei 32 bylâns de skoatterlânskewei en de Skoatterskânswei. Op 24 maaie 1892 ferstoar op 63-jierrige leeftiid op it bûten "Veenwijk" ; yn Aldskoat, frou Julia Anna Margaretha Wouters, troud mei Renaud Charles fan Marselis Hartsinck, dochter fan Jan Beerends Wouters en Antoinetta Margaretha Brasker. By testamint legatearre se it lângoed Veenwijk, mei noch wat oare besittings, oan in stifting, dy’t bejierre net-troude froulju fan Fryke komôf in feilich en gesellich tehûs foar it libben biede moast. Hja wie de leste telch út in keapmanslacch út Noard-Hollân dat letter nei Fryslân kaam. Under har famkesnamme Julia Jan Wouters wie se yn Aldskoat tige populêr. It Bûten Veenwijk waard yn 1763 boud troch Fokke fan Bienema, apteker oan de Lindegrêft op It Hearrenfean. Hy waard letter ferfeanter (1728 - 1773). Troch erfenis kaam it yn eigendom fan Tjalling Menno Watse Baron van Asbeck (1795 - 1855), dy’t yn 1818 troude mei Elbrig fan Bienema (1796 - 1866). Van Asbeck ferkocht it yn 1847 publyk oan Jan Berends Wouters (boppeneamd), in rike keapman, oarspronklik fan Snits, dy’t fan 1832 - 1847 op it bûten 'Jagtlust' yn Alskoat wenne hat. Yn 1901 waard it âlde lânhûs ferboud en it jier dêrne waarden de earste bewensters opnomd. Yn 1927 is it gebou mei in fleugel fergrutte.
- James Wattleane -
- Jan van der Heydenwei -
- Kolfbaan -
- Korenbloemstrjitte -
- Marconistrjitte -
- Marktwei -
- Morsestrjitte -
- Papaverstrjitte -
- Peperstrjitte -
- Reaumurstrjitte -
- Schotanusleane -
- Skoatterlânskewei- wei fan de Marktwei op It Hearrenfean (earder Aldskoat) yn eastlike rjochting nei Donkerbroek oan de grins fan Eaststellingwerf ta. De wei rint no fan It Hearrenfean- mei in fytstunnel ûnder de A 32 troch– oer Aldskoat, Mildaam, Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne Jobbegea en Hoarnstersweach.
- Skoatterskânswei -
- Skoattertunen –dearinnende dyk fan de Skoatterlânskewei ôf yn noardlike rjochting, yn útwreidingsplan 'Gaastra's tunen', neamd nei de eardere folkstúntsje dêr.
- Stevinstrjitte - nei wetterboukundige Simon Stevin
- Tjaarda’s Leane – Fan it eastlik einpunt fan de "Tjeerd Rosleane" (by de pleats 'Eikenhof' yn noardlike rjochting nei hotel 'Tjaarda' ("Bieruma Oostingwei"). De leane leit diels yn Aldskoat en It Oranjewâld en hiet foarhinne ek Tjeerd Rosleane.
- Tjeerd Rosleane – fan de Skoatterlânskewei nei de súdpunt fan de Tjaarda’s Leane by de pleats 'Eikenhof' (dus op de hoeke). Tjeerd Ros wie as jager en jachtopsjenner yn tsjinst by de famylje Tuymelaar, dy’t eigener wien fan de bosken derneist nei de ferkeap fan Domeingrûnen yn de Frânske tiid. Ros kaam fan Anjewier; Tjeerd Kristiaans, út Lúnbert, naam op 5 febrewaris 1812 yn Anjewier, 44 jier âld foar him en 6 bern de namme Ros oan; waard yn 1811 al neamd op de list fan jachtakten (permis d'anmes de chasse) as jager fan de famylje Bouricius fan Idema op 'Crackstate'. De leane komt sûnder namme al foar op de gemeentekaart fan Schotanus/Halma fan 1718; op de kaart fan Eekhof fan 1848 wurdt it stik dat no Tjaarda’s Leane hjit, oantsjutten as "De Tjeerd Rosse Laan". Under dizze namme komt de leane ek foar yn in keapakte fan in gedielte 'Rijdeweg' troch de gritenij yn 1839 oankocht fan A.E. Hoekstra (argyf Skoatterlân 288/21).
- Torricellistrjitte -
- Van Bienemaleane – leit yn it ferlingde fan de "Lollius Ademaleane" oant huzinge " Veenwijk". De leane leit foar in part yn It Oranjewâld en diels yn Aldskoat (grins 250 m ten suden fan de "Prinses Wilhelminawei" ûnder It Oranjewâld).
- Van Leeuwenhoekwei -
- Voltaleane -
- Wilhelminaleane – leane troch de bosk fan de Keningin Wilhelminawei yn It Oranjewâld (foar de Emmaleane oer) nei de Tjeerd Rosleane yn Aldskoat.
- Wolvegeasterwei -
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |