Meskenwier

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Emblem-question-red.svg
Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


Meskenwier is in âlde kop-hals-romppleats by de Terhernsterdyk by Akkrum. It krige syn namme troch de 'mersken', stikken lân dy't winterdeis ûnder wetter stienen en 'wier' as oare namme foar terp. De 200 jier âlde pleats leit dus op in terp oan De Boarn, in útrinner fan de eardere Middelsee. Op de terp stie eartiids in stins. Yn de 'kop' waard eartiids tsiis en bûter makke en omdat der gjin kuolling wie steane hast alle pleatsen mei de kop op it noarden. Spesjaal is dakbedekking fan flakke, skobfoarmige dakpannen.

It lân rûn oan De Boarn ta, dit foarme de ferbining mei omlizzende wetters en doarpen as Grou, Terherne, Goaiïngaryp, De Jouwer en Snits. Yn de pleats is ek it Museum Boere-ark, de buorkerij wurdt yn 2009 brûkt as rekreaasjebedriuw. De namme komt ek foar as Meskenwier, Metsingawier en Metsewier

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: