Bontebok
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | It Hearrenfean | ||||
Ynwennertal (2010) | 445 | ||||
Webstee | Webstee Bontebok |
Bontebok is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, east fan de flekke, oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. It doarp hat 447 ynwenners. Op 4 augustus 1979 hat Bontebok de status fan selsstannich doarp krigen, dêrfoar wie it in buorskip yn de himrik fan Nijhoarne, en hearde foar in diel by De Knipe.
It doarp is ûntstien by in fallaat yn de Kompanjonsfeart. De streek is fan healwei de 17e iuw ôf oan beide kanten fan de feart as gefolch fan de feanwinning ûntstien. It graven fan de feart en de wiken (dwersfearten) de winning fan en it ferfier fan it fean en it nei de tiid wer yn kultuer bringe fan de ôfgroeven gebieten joegen minsken in krap bestean. Reden foar wat ambachtslju en letter ek yndustry, om har yn dit gebiet te wenjen en wurkjen te setten.
De namme komt fan in herberch mei de namme Bonte Bock dy't op it krúspunt fan de feart mei de dyk stie. It kafee hie in úthingboerd mei de spreuk:
Een bok is een bok,
Een bok ben ik geheten.
Menigeen is in bok
maar wil het niet weten".
Op in stuit wienen der wol fiif kafees yn it doarp.
Yn 1955 kaam der in nije wei lâns de feart en krigen de huzen elektrysk ljocht en in jier letter ek wetterlieding. It Molkfabryk De Gemeenschap ( 1898 - 1966) is ôfbrutsen en de grûn is brûkt foar wenningbou.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Midden yn it doarp stiet de iepenbiere skoalle. It doarpshûs hjit De Bokkesprong. Doarpsblêd is 'Het Bontebokkertje', eartiids 'Het Bontebokkeblaadje’. Yn Bontebok binne ein augustus de Floraliafeesten mei in Bonteboksejûn. De Balstien is de soarchbuorkerij fan it doarp.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1998 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
404 | 443 | 455 | 445 | 447 | 438 | 450 | 445 |
Ferieningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Floralia
- Follybalklup - oprjochte yn 1974
- De Bokkestjit - biljerten
- Spul - toaniel
- Gymnastykferiening
- The Black Arrow - Linedance
- Us Nocht - dowehâlderij
- Tsjerkûlen - wurkgroep
- Stifting Ald Behâld Bontebok - oprjochte yn 2002
Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Imke Klaver ( 1880 - 1967 ) - feanarbeider. Hie ferskate pleatslike bestjoersfunksjes. Siktaris fan de lanlike Federaasje fan Lân-, Tún- en Feanarbeiders. Skreau it boek Herinneringen van een Friese landarbeider.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Bonteboksleane - hiet eartiids Hogeveensewei
- Boskpaad - neamd nei de boskjes oan it paad dat eartiids de lannen yn rûn. By de ruilferkaveling is it paad trochlutsen as fytspaad oer de eardere 4e Wyk.
- De Draai - neamd nei in brechje oer de wiken.
- De Grift - is in yn de tiid fan de feanterij brûkt wurd foar in groeven wettergong, feart of kanaal. Stamt út it Utertse, tink hjirby oan grêft.
- Dominee Veenwei - hearde eartiids by De Knipe mar kaam mei ferlienen fan de doarpssteatus by Bontebok. Sjoch fierder by "Ds. Veenwei" yn De Knipe.
- Earste Kompanjonswei - de Kompanjons hawwe yn de 16e iuw dit gebiet út de gemeente Skoatterlân ferfeante. De wei waard yn 1953 oanlein en ferfong de earder besteande paden mei in soad barten.
- Hogeveenswei - Nei alle gedachten is dizze eardere reed om 1800 oanlein as diel fan de ferbining Nijhoarne-De Gordyk oer Bontebok. Ferskate leden fan de famylje Hogeveen wienen 'administrateur' fan de Van Dekema, Cuyck en Foeits Feankompanjy. De earsten wiene nei alle gedachten Klaas Roelofs (1759-1795) en Jacob Klazes (1795-1827), dy't yn 1811 de namme Hogeveen offisjeel oannomd hat. Syn soan Marcus Jacobs Hogeveen wie yn funksje fan 1827-1842 en waard doe opfolge troch Roel Marcus Hogeveen. De Hogeveens hawwe mear as in iuw lang in grutte rol spile yn de ferfeanting fan dizze kontreien. Yn 1979 waard de wei omneamd yn "Bonteboksleane". By de oprjochting fan it koöperative molkfabryk 'De Gemeenschap' yn 1898 waard de wei ferhurde en ferbettere.
- Imke Klaverpaad - Imke Klaver (1880-1967) wie in bekende feanarbeider.
- Langewykswei - is ûnderdiel fan de "wei op lange wyk", fan de "Twadde Kompanjonswei. De wei krige yn 1958 om praktyske reden syn hjoeddeiske namme.
- Spekpôledraai - neamd nei de draaibrêge dy't op dit plak wie en leit foar it stik lân oer mei de namme Spekpôle.It sil in fruchtber stik grûn wêze mei in wat fetlike struktuer.
- Twadde Kompanjonswei - nei de kompanjons Piter Dekema, Cuyck en Foeyts dy't yn de 16e iuw de feanterij opsetten hawwe.
- Twadde Wyksreed - rint bylâns de 'Twadde Wyk'.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | |
---|---|
Haadplak: It Hearrenfean | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | |
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen |