Aldhoarne

Ut Wikipedy
Aldhoarne
Himrik fan Aldhoarne
gemeente It Hearrenfean
Gritenij Skoatterlân
Stimmen 16
Ynwenners (2010) 854
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 6° 4' NB, 52° 57' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8413
Webstee www.oude-nieuwehorne.nl


Aldhoarne (Oudehorne) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, noardeastlik fan Nijhoarne oan de N380. Der is lintbebouwing oan de Skoatterlânskewei, dy’t benoarden De Tsjonger fan east nei west rint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste spoaren fan bewenning binne fûn op de Kiekenberch (+8m.), in drûch plak yn de Tsjongerfallei. Hoarne komt fan ‘’herne’’ in útspringende punt yn it gebiet fan de bochtige Tsjonger of it komt fan in âld sydrivierke fan de Tsjonger. Der binne dêr ek Romeinske munten fûn.
Yn in dokumint fan 1315 is praat fan de kapel fan "Hoerna", fallend ûnder de katolike tsjerke fan Aldeboarn. Op in kaart fan 1718 wurdt skreaun oer ‘’Oude Horn’’.
Yn de 17e iuw en de 18e iuw is tusken de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en De Tsjonger ek turf ôfgroeven. De measte minsken yn dizze streek wiene doe oant de 20e iuw meast bouboeren, nei de opkomst fan de suvelyndustry ek feehâlderij. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1934 makke it doarp, krekt as it susterdoarp Nijhoarne diel út fan de gemeente Skoatterlân. Doe waarden de gemeenten Skoatterlân, Aenjewier en in diel fan Haskerlân gearfoege.

lizzing Aldhoarne

Gea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lânskip bestiet út lân en houtwâlen. Tichtby lizze de natuergebieten Lytse en Grutte Kiekenberch en wat fierder de Ketlikerheide en Ketlikerskar. De fûgel- en natuerbeskermingswacht is ûnôfhinklik mar wurket wol safolle mooglik gear mei it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en It Fryske Gea. Under Aldhoarne leit de Tolhiksbosk.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De doarpskrante hjit De Hoarnekrite.
  • It doarpshûs fan Aldhoarne hjit De Kiekenhof

Flaaielfeest[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lêste sneon yn septimber wurdt it Flaeijelfeest hâlden, It is in tradisjoneel rispinge en terskfeest.

Joppe Festival[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tredde wike fan augustus wurdt it Joppe Festival holden, in jierliks rockfestival yn de Tsjongerfallei.' Joppe' is âld-Nederlânsk en betsjut 'fertier' en 'yn oarder'. It Joppe Festival is yn 1996 begûn as in eksamenfeest.

Sint Thomaslieden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

klokkestoel Aldhoarne

Op it begraafplak stiet in klokkestoel. Hjir wurdt tusken 21 desimber en Nijjier, tagelyk mei Mildaam it Sint Thomaslieden hâlden. De twa klokken yn it klokhús, dy’t yn 1942 troch de Dútsers foardere binne, wienen fan 1617 en 1763. Fan folkloare is it wurden ta in wedstryd foar de wat âldere jeugd. It lieden hat te krijen mei de hillige Thomas, syn nammedei is 21 desimber. It doel wie om de boaze geasten dy't foar it tsjuster oerdeis soargje, te ferjeien. Mei it lieden fan de klokken wurdt besocht it ljocht werom te krijen.

Ferieningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn 2004 is begûn mei it opsetten fan de stifting Doarpsargyf. Hjir wurdt alles sammele wat mei Ald- en Nijhoarne te krijen hat.
  • Lyts Bigjin – iisklup. Oprjochte sa. 1897
  • It sjongkoar Jan de Roas Sjongers is neamd nei strjitartyst Jan de Roos.
  • De Vrije Fries - muzyk
  • Pleatslik Belang
  • De Kiekenhof – biljertferiening
  • Stifting De Nije Kompanjons hat warber west om foar te kommen dat de Kompanjonsfeart tichtsmiten waard. De feriening set him no yn om de Turfrûte te ferbetterjen en te promoaten.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
1133 1138 1102 978 950 850 854 865 878 864 855 854

Strjitten yn Aldhoarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strjitten fan Aldhoarne.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Line fan Qbuzz:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
Flagge fan de gemeente It Hearrenfean
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen