Springe nei ynhâld

Flaeijelfeest

Ut Wikipedy
Nijhoarne, rotonde Skoatterlânskewei, Flaeijelfeest

It Flaeijelfeest is in feest dat sûnt 1977 alle jierren op de lêste sneon fan septimber organisearre wurdt yn Aldhoarne en Nijhoarne.

It feest wurdt hâlden nei de eardere risptiid, op de lêste sneon fan septimber op it bûten De Horne oan de Skoatterlânskewei. Doel fan it evenemint is om it eardere libben op it plattelân sjen te litten yn de foarm fan in grut iepenloftmuseum, sawol ridend as yn bedriuw. It Flaeijelfeest ûntstie yn 1977 doe 't yn de achtertún fan húsdokter Frans Pellikaan in terskdemonstraasje jûn waard.

De boere-optocht wurdt riden troch in soad âld lânboureau en oar reau út it ferline. De masines en it âlde ark wurde lutsen troch hynders en geane fan de doarpen nei it feestterrein. Dêr is noch in soad te sjen fan it boerelibben by âlds: in doarpsstrjitsje mei in soad winkels, mar ek in spitkeet, smidterijen en tsiismakkerijen. Boppedat binne der in soad âlde trekkers en oare âlde masines te sjen. Fierders binne der ferskate attraksjes as ringriden om de sulveren flaeijel en "Flaeijelhingjen" (wa't it langst oan de terskkneppel, de flaai, hingje kin).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]