Springe nei ynhâld

Ringriderij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ringriden)
Ringriden yn Ljussens
Bylden fan ringriderij yn St. Joosland, 1931
Ringriderij yn Seelân, 1951

Ringstekken of ringriden is in folkloristyske tradysje wêrby't dielnimmers, op in Frysk hynder, sjeas of ferdekte wein dy't efter it hynder spand is, in lâns troch in ring besiket te stekken. Dizze tradysje, dy't yn bepaalde streken as sport dien wurdt, komt foar yn Nederlân, Dútslân en Denemark.

It ringstekken kin op ferskate wizen dien wurde. Mei it hynder ûnder de man mar ek wol út in sjeas wei. Yn de Siuwske fariant sitte de ringstekkers op in hynder en wurdt ringstekken benammen as serieuze sport beoefene. Yn West-Fryslân sitte de dielnimmers op in karke dat efter it hynder spand is. Njonken de bestjoerders fan de karre sit dejinge dy't de ringsteklâns fêsthâldt en de ringen stekt. Dizze foarm fan ringstekken is mear rjochte op it folkloristysk aspekt. It ringstekken is in pear iuwen ferlyn ûntstien as spul op jiermerken, dêr't alle boeren gearkamen. Tsjintwurdich wurde der faak spesjale eveneminten foar organisearre of wurdt it ringstekken op Keninginnedei hâlden. Faak is it anneks mei in soad folkloristyske trivia, lykas ferdekte weinen en drachten. Inkele ringstekwedstriden (bygelyks op De Jouwer lûke in soad taskôgers.

Siuwske fariant

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dielnimmers binne tradisjoneel boeren út de streek dêr't it evenemint hâlden wurdt. It is in spul dêr't de dielnimmer, sittend op in hynder (leafst in boerewurkhynder) yn galop troch de ringbaan rydt en besiket in lâns dy't hy yn de hân hat troch in ring te stekken dy't healwei de ringbaan hinget oan in izerene bus. De wedstriidring hat in trochsneed fan 38 mm. As op 'e ein fan de dei meardere meidoggers in like grut oantal ringen stutsen hat begjint in folgjende faze fan de wedstriid; it saneamde kampen. Hjirby wurdt de wedstriidring hieltiten in stap ferlytse en wa't de ring mist falt ôf.

Ringstekken mei sjezen en boerekarren, 29-04-2006

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: