Noardwâlde (Weststellingwerf)
Noardwâlde (Weststellingwerf) | |
---|---|
![]() | |
gemeente | Weststellingwerf |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | 61 |
Ynwenners (2007) | 3.845 |
Huzen | 1854 |
Koördinaten | 52° 53' NB, 6° 8' EL |
Netnûmer | 0561 |
Postkoade | 8391 |
Webstee | www.noordwolde.net |
Noardwâlde (Noordwolde) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, mei 3.634 ynwenners (1 jannewaris 2003).
Noardwâlde hat fia de N353 nei it suden ferbining mei Wilhelminaoard en Havelte en nei it noarden mei Aldeberkeap. Fia de Noardwâlder Feart hat it ferbining mei de Linde. It doarp leit net fier benoarden it trije-provinsjepunt fan Fryslân, Drinte en Oerisel. By Noardwâlde hearre ek de buorskippen Mûnebuorren, Bûtenbuorren, Sânhuzen en it Reade Doarp.
Noardwâlde is grut wurden troch de feanterij dy't begjin 1600 begûn. Doe't dy ôfrûn, om 1750 hinne, hat der ein 19e iuw, begjin 20e iuw in bloeiende reidflechtyndustry west. Yn 1866 stifte Ds. E. de Haan naai-en breidskoallen foar famkes en in matten-en klompmakkersskoalle foar jonges. Dit duorre net sa lang, de grûnstof wylgentien moast meast rinnende fan fierren helle wurde.
Rotanyndustry[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De rotanyndustry hat Noardwâlde lanlike bekendheid jûn. Dy yndustry ûntstie by tafal om 1825 hinne. In Dútske feanter hâlde in skoftke yn it doarp ta. Dizze man koe kuorkes flechte fan yn 'e natuer groeiende wylgentienen. Hy learde in tal ynwenners om kuorkes te meitsjen. De ferkeap fan dizze kuorkes smiet jild op. Al gau seagen oaren har de keunst ôf. Yn 1860 wienen al sa'n twahûndert húshâldings dwaande mei dizze hûsyndustry.
Letter yn de 19e iuw krige in predikant, ds. Hindrik Edema van der Tuuk, it idee om yn dizze omkriten reiten stuollen te meitsjen. Hy die dat idee op yn Amsterdam doe't hy foar in winkel stie dêr't út Dútslân ymportearre stuollen ferkocht waarden. De materialen wienen by Noardwâlde foarhannen;, ek wurkkrêften wienen der by de roes. Lytse ûndernimmingen kamen fan 'e grûn.
Oan 'e ein fan de 19e iuw waarden der yn en om Noardwâlde sa'n 200.000 stuollen it jier makke, dy't foar it meastepart mei it spoar útfierd waarden fia Stasjon Pepergea.
Yn 1918 iepene keninginne Wilhelmina de Ryks Reidflechtskoalle. De grûnstof foar de skoalle wie rotan. De measte stuollen wurde no yn Yndoneesje makke. Fan de yndustry is allinnich it Nasjonaal Flechtmuseum noch oer.
Halifax[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de nacht fan 29 op 30 juny 1942 dienen 251 fleantugen in oanfal op Dútslân. Fleanend fia IJmuiden - de Iselmar - Drinte en Noard-Oerisel wie Bremen it oanfalsdoel. It wie in heldere nacht mei in hast folle kmoanne en ek it noarderljocht befoardere it opspoaren fan dizze bommesmiters. Se waarden opwachte troch Dútske nachtjagers fan fleabasis Ljouwert. In fjouwermotorske Handley Page Halifax soe Bremen nea berikke. De flecht einige nei in ûntploffing oan de Dwersfeartwei yn Noardwâlde.
Nei alle gedachten waard de bommesmiter yn de omjouwing fan Frederiksoard troffen. Fleanend oer Vledder en Boyl berikte it baarnende tastel Noardwâlde.
Der waard keazen foar in needlanning, omdat der trije tûzenpûners bommen en in soad brânbommen ôfsmiten waarden. Op koarte ôfstân fan de Dwersfeartwei eksplodearre it tastel lykwols en kamen grutte stikken en in grut oantal lytsere stikken yn de omjouwing terjochte. De hiele bemanning besteande út acht persoanen kaam om it libben. Se kamen te hôf by de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn Noardwâlde oan de Haadstrjitte East.
In soad Noardwâldsters bewiisden ûndanks Dútske tsjinwurking de ferûngelokke bemanningsleden de lêste eare. De nammen fan de bemanningsleden fan de delstoarte Kanadeeske Halifax steane net fermelde op de tinkstien oan de Dwersfeartwei. Harren nammen steane op in monumint op it begraafplak by de herfoarme tsjerke.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De nije Vensterschool sit mei oare ynstellingen yn sosjaal-kultureel sintrum ’t Vlechtwerk.
Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Joadske mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn it ferline hat der in treftige Joadske mienskip yn Noardwâlde wenne.[1] De earste Joaden kamen yn 1750 yn it doarp. It tal Joaden woeks letter oant in hichtepunt fan 66 yn 1809. Yn de desenniums dêrop waard it tal Joaden heultyd lytser, wêrnei't de mienskip harren oansluet by de Joadske gemeente fan It Hearrenfean.
De Joadske mienskip moat al foar 1786 in synagoge stifte hawwe. Ek wie der in joadetsjerkhôf, dêr't hjoed de dei noch mar trije stiennen steane. Dit tsjerkhôf wurdt sûnt 2003 ûnderhâlden troch it Nederlânsk-Israelitysk Tsjerkegenoatskip.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Splittinge - judo
- SDO - folleybal
- Olyphia - fuotbal
- Leonidas - kuorbal
- De Treffer - sjitten
- Rensport Noardwâlde en omkriten
- Sjoelferiening
Berne yn Noardwâlde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Johan Eilerts de Haan (3 oktober 1865), militêr en ûntdekkingsreizger
- Jeltje van Nieuwenhoven (2 augustus 1943), politika
Bekende ynwenners fan Noardwâlde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Wim Plekkenpol (8 april 1948), sportsjoernalist, politikus en fuotbaltrener
- Theo van de Bles (18 oktober 1950), sjoernalist, politikus
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Yn 2005 kaam der in nije muzykkoepel op it Manauplein. In plakette fan de "Man fan de heide", akkordeonist Bertus Lacher, is hjirop oanbrocht.
- By Spokedaam is in plasse dêr't simmerdeis in protte swom wurdt. Men kin ek terjochte yn iepenloftswimbad De Dobbe.
- Mole Wynlust is iepen foar publyk.
- It doarpsargyf fan Noardwâlde hat in plakje krigen yn de eardere leararekeamer fan it Nasjonaal Flechtmuseum.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() | |
---|---|
Haadplak: Wolvegea | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert | |
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) |