Fuortsette Grifformearde tsjerke (Noardwâlde)
Fuortsette grifformearde tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Noardwâlde | |
adres | Dwersfeartswei 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1933 | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
De Fuortsette Grifformearde tsjerke oan de Dwersfeartswei yn Noardwâlde is in tsjerkegebou fan de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard boud yn 1933 en wie jierrenlang in wykgebou fan de grifformearde tsjerke fan Wolvegea. Op 1 jannewaris 1992 waard Noardwâlde in selsstannige gemeente, alhoewol't dat gjin grutte feroarings brocht om't de gemeente ek as wykgemeente in soad sels regelje mocht. Njonken dy fan Noardwâlde waarden ek de grifformearden fan Boyl, Easterstreek, Pepergea, Steggerda, Finkegea en Sânhuzen ta de gemeente rekkene.
De gemeente hat yn april 2004 besletten net mei te gean yn it fúzjeproses fan de PKN en fûn by de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân in nije tsjerkegenoatskip. Sûnt de tsjerke oansletten is by de Fuortsette Grifformearde Tsjerke is de regiofunksje fan de gemeente noch grutter woarn dan dat dy al wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |