Easterstreek

Ut Wikipedy
Easterstreek
Himrik fan Easterstreek
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2007) 536
Huzen 231
Koördinaten 52° 54' NB, 6° 10' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8388
Webstee {{{webstee}}}
Oosterstreek 01c.JPG

Easterstreek (Stellingwerfsk: De Oosterstreek; Nederlânsk: Oosterstreek) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, east fan Noardwâlde. It doarp hat likernôch 536 ynwenners.

Yn 1988 waard Easterstreek in eigen doarp. Dêrfoar wie it in buorskip dat ûnder Noardwâlde foel. Der komt in fêstiging fan Hoeve Boschoord yn Easterstreek. Pleatslik belang hat ôfspraken makke mei de gemeente Weststellingwerf en Hoeve Boschoord oer it soarte fan minsken dat yn it doarp komt te wenjen.

In soad hynsteminsken komme nei edukatyf sintrum ’t Balingehof at se problemen mei harren hyder hawwe. By it doarp is ek in forellefiver.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de trochgeande wei leit it sosjale sintrum kafee/doarpshûs. Njonken it kafee leit in stien mei de tekst “schoolplein”. Hjir stie eartiids de doarpsskoalle en is no it parkearplak dêr't de jierlikse rommelmerk hâlden wurdt. De skoalle fan it doarp "Mathijsje" stiet tsjin Noardwâlde oan. Der is fierders in jeugdhonk, boartersúnkommisje en de Stichting Doarpsfeest, dy't it jierlikse doarpsfeest organisearret.

Boschoord is fral bekend fan de TBS'ers dy't opfong wurde.

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jan Wybenga ( winner fan de Gysbert Japicx priis yn 1965) skreaun in dichtbondel (1982) mei de namme Easterstreek, wêr't hy hikke tein is.
  • Jeltje Baas (*1944) is in keunstneresse út it doarp.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dwarsvaartwei, Grinswei, Hooltpad, Easterskefjildwei, Easterstreek, Skoalstrjitte, Stienpaad.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
Flagge fan de gemeente Weststellingwerf
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)