Jeltje Baas

Ut Wikipedy

Jeltje Baas (1944) is in keunstskilder út Easterstreek mei in atelier oan de Grinswei. Se krige har oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins. Underwerpen yn har wurk binne lânskippen, kij, portretten (model), en abstrakter wurk. Dêrneist jout se tekenles en skilderles oan folwoeksenen.
Op har reizen kaam se ek yn Nij-Seelân. De lânskippen fan Nij-Seelân, Portegal, mar ek dy fan Fryslân, binne ynspirearjend foar har. Ek kij passe dêr goed yn.

By it meitsjen fan portretten fynt se it ferkennen/ôftaasten fan foarm, sfear en útstrieling fan in minsk faak noch spannender as it ferkennen fan deselde faktoaren yn in lânskip: der sit in ferburgen ynderlik efter dat nei de werkenberheid ferbylde wurde moat. Yn 2008 die se it portretteprojekt mei seis leden fan drakeferiening Wynpûst út Drachten. Jeltje skilderde 6 portretten fan "bern fan alle lannen": De 6 Wynpûstleden makken de draken en litte se fleane op ferskate Kitefliers Meetings. In oare rige portretten wie wijd oan Mata Hari, dêr't ek in linosneed fan makke waard. Ek har eigen mem waard portrettearre.

Sûnt 1990 wienen der û.o. eksposysjes fan har yn Lyndensteyn, Allardseach, Iepen Stâl en Fanø (Denemark mar ek yn Nij-Seelân en Portegal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: