Springe nei ynhâld

Iepen Stâl

Ut Wikipedy

De Iepen Stâlrûte is in keunstmanifestaasje yn Aldeberkeap. Dizze keunst- en sjochrûte wurdt sûnt 1971 elk jier hâlden. In tweintich keunstners of mear eksposearje harren wurk op ferskate lokaasjes dy't gewoanwei as wen- of wurkplak brûkt wurde: boerehiemen , yn de tsjerke, stâl, skoalle, gymnastyklokaal, garaazje, tún, terras of groenstroken. De rûte kin ek op de fyts dien wurde, oan it begjin fan de rûte steane wite fytsen klear.

Op 20 augustus 1971, waard yn de Trochreed in lytse eksposysje iepene troch de kabaretiers Sieto en Marijke Hoving dy't doe by de Catspoele in húske hienen. Earste eksposanten wienen doe Nan Platvoet mei grafysk wurk, Hannie Mein mei diggelguod en inisjatyfnimmer Piet Bokelaar mei skilderijen. Yn 1973 waard de organisaasje oernomd troch in kommisje mei VVV-Pleatslik Belang, de Handelsfereniging en de Kulturele Kommisje. Yn it earstoan wienen der ek samlingen fan hobbywurk, letter waarden allinnich keunstwurken fan erkende keunstners tentoansteld, faak ek noch yn in tema. Sa wie hjir û.o. wurk te sjen fan Dirk Hakze, Jeltje Baas en Hein Mader.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: