Dirk Hakze
| Dirk Hakze | ||
| Dirk Hakze op de Colorfield performance, 2025 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| berne | 1957 | |
| berteplak | Snits | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | skilder, byldhouwer | |
| jierren aktyf | sûnt 1970 | |
| offisjele webside | ||
| http://www.dirkhakze.com/ | ||
Dirk Hakze (Snits, 1957) is in Fryske skilder en byldhouwer.[1]
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hakze studearre yn 1986 cum laude ôf oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Hy gie fierder mei syn oplieding oan de 'Hogeschool voor de Kunsten' yn Utert (1986-1987). Hy makke ûnder mear muorreskilderings en metalen skulptueren. Dirk Hakze hat skilderperformances jûn op ferskate strannen ûnder it biedwurd The colors of music. Dêrby makke hy skilderijen op klassike muzyk.
Hakze is inisjator fan it lân-keunstprojekt The Colorfield Performance, wêrby’t yndividuele wurken fan ferskate keunstners mei-inoar in grut keunstwurk foarmje. De earste edysjes wiene op it Oerol Festival op Skylge (1992) en op Skiermûntseach (2000). Yn 2018 organisearre hy de tredde edysje fan it projekt yn Sleat yn it ramt fan LF 2018, dêr't 400 skilders oan meidiene. [2]
Wurk (kar-út)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1990 pylder, Worp Tjaardastrjitte, Snits
- 1993 muorreskildering drukkerij oan de Lorentzstrjitte, Snits
- 1994 muorreskildering sintraal magazyn Nieuwe Weme, It Hearrenfean
- 1996 muorreskildering eardere bûterfabryk, Lúnbert
- 1996 muorreskildering trafohúske, Groenlo
- 2001 de Ferbining, De Jouwer
- 2010 Joadsk monumint, Boargemaster de Hooppark, Snits
- muorreskilderings Swetteskoalle, Snits
Fotogalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pylder (1990), Snits
- Beskildere trafohúske, Groenlo
- Joadsk monumint (2010), Snits
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dirk Hakze fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
