Lúnbert
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | It Hearrenfean | ||||
Ynwennertal (2010) | 424 | ||||
Webstee | webstee fan Aenjewier |
Lúnbert is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Lúnbert leit yn it noardwesten fan de gemeente en foarme foar 1934 mei de doarpen Terbant, Tsjalbert en Gersleat de gemeente Aenjewier oan 'De Streek'. Under Lúnbert leit in gebiet dat 'Skar' neamd wurdt.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It tsjerkegebou fan Terbant stiet no op it gebiet fan It Hearrenfean. Lúnbert wurdt op in kaart fan 1245 al neamd as Lyendingaberde. De Kommandeur (geastlik haad fan in kommanderij of kleaster fan de Dútske Oarder) fan Nes (by Akkrum) liet him yn 1281 troch aartsbiskop Sigfried fan Keulen befêstigje yn syn rjochten op de tsjerke fan Lúnbert. It doarp waard neamd nei it laach Lyedinga ek Lioedingha dêr't it syn koepel oan tanke, dat op it dêroan grinzjende (no net mear besteande) Catryp of Katryp wenne. It 'Katryper Convent' lei op de himrik fan Lúnbert. De kommandeur wie belêste mei de sielesoarch oer beide parochys (Catryp en Lyendingaberde). Yn 1491 hie 'Lyonghebird' in houten tsjerke, dit as tsjinstelling mei de tichtby steande kleastertsjerke fan 'Mariënbosch', dy't wol oantsjutten waard as 'Steenkerke'. Yn 1525 komt Lúnbert foar as Lionijbert alias Lewert yn it Register van den Aanbreng.
Klokkestoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op it tsjerkhôf stiet in klokkestoel fan beton mei twa klokken dy't yn 1843 út de tsjerke fan Terbant komd binne. Ien is yn 1538 getten troch Geert van Wou en Jan ter Stege, de oare yn 1645 troch Jacob Noteman út Ljouwert. De klokken binne yn 1942 troch de Dútsers meinomd. De tsjerke is om 1745 hinne sloopt. Oan de súdkant fan it begraafplak stie eartiids it nonnekleaster Stientsjerk (Steenkerk).
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten fan Lúnbert mei ferklearring fan de nammen.
Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skoalle yn it doarp is de Anjewier.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|
441 | 436 | 435 | 430 | 420 | 424 |
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | |
---|---|
Haadplak: It Hearrenfean | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | |
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen |