Springe nei ynhâld

Kommanderije

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kommanderij)

In kommanderije is in lânguod dat troch in kommandeur fan in ridderoarder bestjoerd wurdt. De commenden brochten de ynkomsten by elkoar dy't de midsiuwske ridderoarden brûkten foar harren leafdiedige wurk of harren krústochten. Letter waarden de kommanderijen in ynkomsteboarne foar de adel.

De namme kommanderij kin likegoed in bestjoerlike ienheid fan in ridderlike oarder oantsjutte as in lânguod of in troch in kommandeur behearde portefúlje ûnreplik guod. In bestjoerlike ienheid, bygelyks it wurk fan in ridderlike oarder yn in bepaald lân, wurdt troch in lânkommandeur laat.

Nasjonalisaasje fan de kommanderijen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek yn Fryslân wiene kommanderijen. It gie om besittings fan de Timpeliers, de Oarder fan Malta (oarspronklik de Oarder fan Sint-Jan fan Jeruzalim) en de Dútske Oarder. Yn de Reformaasje yn binne ek yn Fryslân guon fan dy commenden konfiskearre. De protestantsk wurden Dútske Oarder yn de Balije fan Utert ûntsprong de dûns.

Napoleon I seach de âlde ridderlike oarders as korrupte ynstellings dy't jongere soannen fan edelen in ynkommen opleverje moasten en gjin maatskiplik nut hienen. Keining Loadewyk Napoleon kaam net ta oan it herfoarmjen of nasjonalisearjen fan de Dútske Oarder mar nei ynliving fan Nederlân yn it Frânske Keizerryk (1810) waarden ek de lêste besittings fan de ridderoarders troch de steat oernomd. Troch lijlik ferset is de nasjonalisearring fan de kommanderijen fan de Dútske Oarder net foltôge.

Wylst Napoleon en syn bruorren yn harren keninkriken de kommanderijen fan de âlde oarders nasjonalisearren of sekularisearren waarden foar de nije "Napoleontyske Oarders" nije kommanderijen stifte.

Kening Willem I joech as ien fan syn earste regearingsdieden (wet nûmer 55 fan 8 augustus 1815) it noch te efterheljen besit fan de Dútske Oarder yn de Protestantske Balije fan Utert wer werom. De Dútske Oarder hat noch in pear kommenden, wêrûnder ien yn Tiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ridderlijke orden in Nederland J.W. Jongedijk, Europese Bibliotheek Zaltbommel 1965