Spangea

Ut Wikipedy
Spangea
Himrik fan Spangea
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 42
Ynwenners (2014) 214
Huzen 84
Koördinaten 52° 49' NB, 5° 53' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8482
Webstee www.groteveenpolder.nl
Klokkestoel

Spangea is in doarp yn it suden fan de gemeente Weststellingwerf, tusken de Rottige Meente en de Linde. It doarp hat likernôch 214 ynwenners.

Yn de Tachtichjierrige oarloch waard tusken Kuunder en Spangea in fersterking of skâns boud mei de namme Slikenboarch. Fan de hichte ôf koe de hiele Sudersee oersjoen wurde. Boppedat wie dit it plak dêr't De Tsjonger en de Linde by inoar kamen, sadat hjir tol heft wurde koe.

Spangea leit yn de Grutte Feanpolder en hat in soad skea oprûn by de Wettersneed fan 1825.

Natoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spangea leit tusken de natoergebieten De Weerribben en De Rottige Meenthe yn. Yn dit lêste gebiet stiet by it doarp in Amerikaanske wynmotor.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spangea is per iepenbier ferfier te berikken mei wol trij bustsjinsten:

  • busline 76 (Connexxion): Emmeloard/Marknesse-Stienwyk (fia De Blesse)
  • busline 675: Blesdike-Wolvegea rydt troch Spangea. Line 76 biedt yn Marknesse in naadleaze oerstap nei ûnder oare Emmeloard (en rydt yn de spits streekrjocht fan en nei Emmeloard), Swartslûs en Swol. Yn De Blesse is in goede oansluting fan en nei Wolvegea/It Hearrebfean en yn Stienwyk is in goede oansluting op de treinen nei Swol en Ljouwert
  • Busline 675 is in line foar skoalbern dy't nei Wolvegea geane. Beide lêste linen ride allinnich op wurkdagen.
  • buertbusline 108 (Qbuzz): Lâns Spangea, dizze line rydt yn in luds fan Wolvegea oer Munnikebuorren, Skerpenseel, De Langelille en Aldlemmer nei Wolvegea.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1989 wurdt der jierliks yn in tinte in operafoarstelling jûn troch Opera Spangea. Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân mei in klok út 1761.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gracht, Lindedyk, Marktwei, Nijewei, Pieter Stuyvesantwei, Spangeahoekwei, Seedyk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
Flagge fan de gemeente Weststellingwerf
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)