Oerlis:Spangea

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Iepenbier ferfier.[boarne bewurkje]

Lykas jim witte besykje ik safolle mooglik de ynhâld fan de Fryske doarpen te fernijen. Ik rin dêrby faak tsjin saken oan dy't net (mear) sa binne en dy feroarje ik meast sûnder oerlis. Strjitten en iepenbier ferfier set ik by inoar ûnder ynfrastruktuer, mar kontrolearje of dy gegevens noch aktueel binne doch ik net. Dat lêste wurdt my tefolle wurk en jo wolle der ek wer in kear fan ôf. Mar no yn it gefal fan Spangea woe 'k dochs eefkes sjen hoe of wat. Ik reizgje nea mei it iepenbier ferfier, mar Connexxion en Qbuzz ride neffens my net mear yn Fryslân. Dus ha ik eefkes oan it strunen west en dan docht bliken dat al it Fryske iepenbier busferfier yn hannen fan Arriva is. Njonken de bedriuwen sels feroaret der ek gauris wat mei de tsjinstregeling. Yn it gefal fan Spangea komt dêr hjoed-de-dei allinne noch in buertbus fan Arriva. Om't de ynformaasje oer it iepenbier ferfier nei in skoft tige ûnbetrouber en (neffens my) nearne byholden wurdt, wol ik jimme útstelle om it stikje iepenbier ferfier oeral te wisken (of der moat immen wêze om dat allegear nei te plúzjen en oan te passen). RomkeHoekstra (oerlis) 3 jul 2023, 09.54 (CEST)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Dat liket my in goed idee, Romke. Ik wiskje sels by gruttere plakken faak it lemma "boargemaster" yn 'e ynfoboks, want dat is krekt sokssawat: it feroaret om it hoartsje en it wurdt nea byholden. As je beslist witte wolle wa't op in stuit de boargemaster fan Los Angeles is, dan kinne jo dat maklik genôch fine op 'e Ingelske Wikipedy, dêr't se de minsken derfoar hawwe om soks by de tiid te hâlden. Wat my oangiet, meie jo dêrom dit spul der oeral wol útsmite. De Wikipedy is gjin busboekje en as men it dêr al foar brûke wol, komt men, sa't jo sjen litte, ek nochris bedragen út om't de ynfo al jierren efter de tiid is. Fuort dermei. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2023, 11.50 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra@Ieneach fan 'e Esk Connexion, dat is al hiel lang lyn, Qbuzz hat de konsesje foar Grinslân en Drinte, Qbuzz komt benammen yn súd-eastlike plakken fan Fryslân. Yn Fryslân is it Arriva dy't de konsesje had fan it iepenbier ferfier, en dy hat benammen sûnt 2019 mar earder ek al, fink wat buslinen skrast. FreyaSport (oerlis) 3 jul 2023, 11.59 (CEST)[beäntwurdzje]