Springe nei ynhâld

Rotan

Ut Wikipedy
Rotan stoel
Rotan troch de midden

Rotan is in materiaal dat levere wurdt troch de rotanpalm (Calamus rotang). Fan de drûge stâlen wurde troch in frisseltechnyk bygelyks kuorren en meubels makke. Rotanmeubels binne by tiid en wile populêr en wurde bygelyks brûkt as túnmeubels, of meubels yn in sêre of op terraskes. Rotanstuollen hawwe as neidiel dat se frij skerpe útsteksels hawwe, dêr't froulju harren nylonhoazzen oan iepen helje kinne.

De kearn fan de stâlen wurdt ek brûkt. Dit hjit pitreid. Repen fan de hurde bûtenlaach fan de rotanstâlen hjitte frisselreid.

Rotan is ek in oefenstok dy't brûkt wurdt by Eskrima. De stok is makke fan in spesjaal soarte bamboe of hurdhout, en wurdt brûkt om in swurd (kapmes) te ferfangen.