Springe nei ynhâld

Earehôf Noardwâlde

Ut Wikipedy
It earehôf

Earehôf Noardwâlde leit op it tsjerkhôf fan de Herfoarme tsjerke yn Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf. Der steane acht stiennen mei de folgjende nammen:

Namme Funksje Underdiel Squadron Stoarn Aldens
Reginald Thomas Adams Boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve 405 (R.C.A.F.) Sq 30-06-1942 21
Walter Percy Beare Radiotelegrafist/boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve 405 (R.C.A.F.) Sq 30-06-1942 27
James William Bell Waarnimmer Royal Canadian Air Force 405 (R.C.A.F.) Sq 30-06-1942 28
Henry Adolphus Chinn (wiere namme: Echin) Piloat Royal Australian Air Force 405 (R.C.A.F.) Sq 30-06-1942 22
Winston James Dickinson Radiotelegrafist/boardskutter Royal Canadian Air Force 405 (R.C.A.F.) Sq 30-06-1942 25
William Jessup Harrell Piloat Royal Canadian Air Force 405 (R.C.A.F.) Sq 30-06-1942 21
Paul Patrick Augustus Oneson Radiotelegrafist/boardskutter Royal Canadian Air Force 405 (R.C.A.F.) Sq 30-06-1942 26
Alexander Simpson Boardmeganisien Royal Air Force 405 (R.C.A.F.) Sq 30-06-1942 21

Yn 'e nacht fan 29 op 30 juny 1942 fleagen 251 fleantugen oer IJmuiden, de Iselmar, Drinte en Noard-Oerisel nei Dútslân om dêr Bremen te bombardearjen. Mar it wie in heldere nacht en mei it noarderljocht wie it foar de Dútske nachtjagers fan 'e fleanbasis Ljouwert ienfâldich om dy bommesmiters op te spoaren. In Handley Page Halifax soe Bremen nea berikke en syn flecht einige nei in ûntploffing oan de Dwersfeartwei yn Noardwâlde.

Nei alle gedachten waard de bommesmiter yn de omkriten fan Frederiksoard troffen. Fleanend oer Vledder en Boyl moast it tastel in needlanning meitsje en dêrom waarden der trije tûzenpûners yn in iepen fjlid njonken de Easterstreek smiten. Ek yn 'e greide súdeast fan it doarp waarden noch in soad brânbommen delsmiten, dy't oars by de lanning in grut gefaar wiene. Op in lytse ôfstân fan de Dwersfeartwei eksplodearre it tastel lykwols dochs noch. De hiele bemanning fan acht persoanen kaam om it libben. Se op it hôf fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke yn Noardwâlde beïerdige.

In soad Noardwâldsters brochten de omkommen bemanning de lêste eare ta, ek al wie dat net nei't sin fan de besetter. De nammen fan de bemanningsleden fan de delstoarte Kanadeeske Halifax steane net fermelde op de tinkstien oan de Dwersfeartwei. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: