Johan Eilerts de Haan
Johannes Gijsbert Willem Jacobus (Johan) Eilerts de Haan (Noardwâlde, 3 oktober 1865 – ynlân fan Suriname, 29 augustus 1910) wie in Nederlânsk militêr en ûntdekkingsreizger fan Frysk komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne as tredde soan fan Anneus Frederik Eilerts de Haan, dy't doe dominy wie yn it Fryske Noardwâlde. Om 1868 ferhuze it gesin nei Ternaard, yn it noarden fan de provinsje, doe't syn heit dêr dûmny waard. Johan Eilerts de Haan begûn yn septimber 1882 as adelborst tredde klasse syn oplieding oan it Keninklik Ynstitút foar de Marine Willemsoord (yn De Helder). Fan 1886 oant 1891 tsjinne er as adelborst earste klasse earst yn West-Ynje, dêrnei folge in syltocht mei de Nautilus en dêrnei in ferbliuw fan trije jier yn East-Ynje, yn hokker perioade er yn 1889 luitenant-op-see 2e klasse waard. Yn 1895 gie er foar trije jier fannijs nei East-Ynje. Fan 1900 ôf wie hy twa jier detasjearre op it Departemint fan Marine en yn 1902 kaam de befoardering ta luitenant-op-see 1e klasse. Yn 1903 waard Eilerts de Haan detasjearre by de stjerrewacht yn Utert en yn oktober fan datselde jier gong er wer nei East-Ynje dêr't er trije jier tsjinne.
Fan 30 juny 1908 oant 20 novimber 1908 wie der ûnder syn lieding yn Suriname in ekspedysje nei de boarne fan de rivier de Suriname. De leden fan de ekspedysje wiene ûnder oare de luitenant-op-see Wijmans en de offisier fan sûnens dr. J.H.A.T. Tresling. Op dy tocht waard op 16 oktober in rivier, dy't er de Lucierivier neamde. Nei alle gedachten ferneamde er de rivier nei in ferstoarne omkesizzer fan him.
Twa jier letter ferskynde in artikel fan Eilerts de Haan yn it Tijdschrift van het Koninklijk Nederlandsch Aardrijkskundig Genootschap (KNAG) ûnder de titel "Verslag van de expeditie naar de Suriname-rivier".
Op 19 july 1910 begûn de Corantijn-ekspedysje mei ek diskear Eilerts de Haan as lieder. It doel wie om fan de Surinamerivier ôf de Lucierivier op te farren yn de hope sa de Corantijn te berikken om oer dy rivier werom te kearen nei de Atlantyske kust om mei de gegevens dy't sammele waarden ûnder de ekspedysje de wite plakken op de kaart van Suriname yn te foljen. It wie dokter en soölooch J.Fr. Hulk, Offisier fan sûnens 2e klasse, syn taak om soölogysk en botanysk materiaal te sammeljen. Op 18 augustus stoar ien fan de arbeiders en op 21 augustus waard Eilerts de Haan siik. Fiif dagen letter wie er bûten westen en op 29 augustus stoar er yn de âldens fan 44 jier oan, nei alle wierskyn, malaria, wêrnei't er op it plak sels beïerdige waard. De rest fan de ekspedysje, dy't noch mear as 8 moanne duorje soe, fûn plak ûnder lieding fan de luitenant-op-see 1e klasse Conrad Carel Käyser. Käyser skreau oer dizze reis yn 1912 in artikel foar itselde tydskrift fan de KNAG mei as titel Verslag der Corantijn-expeditie (19 Juli 1910 - 1 April 1911).
Neitins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Eilerts de Haanberchtme is neamd nei Johan Eilerts de Haan. Op 5 desimber 1912 waard in boarstbyld fan him yn Paramaribo by it Vaillantsplein oprjochte. Dit troch Bart van Hove makke byld waard letter ferpleatst nei de Lytse Combéwei en dêrnei nei de tún fan it Surinaamsk Museum oan de Commewijnestrjitte. Fierder is it yn 1921 boude opnimmingsfartúch Hr. Ms. Eilerts de Haan nei him neamd en stiet syn boarstbyld yn it Keninklik Ynstitút foar de Tropen yn Amsterdam.
Yn it ramt fan in ekspedysje yn 1926 nei it Wilhelminaberchtme mei ûnder oare Gerold Stahel, waard by it grêf in tinkstien oprjochte troch leden fan de ekspedysje. It grêf waard yn 2000 op 'en nij besocht troch neisiet Herry Eilerts de Haan, yn it bywêzen fan ûnder oaren Michel Boeijen en Nico Pronk. Fan dizze ekspedysje waard troch National Geographic Channel in dokumintêre makke, Jungle Grave.