Springe nei ynhâld

Suriname (rivier)

Ut Wikipedy
Suriname
Surinamerivier
It streamgebiet fan 'e Surinamerivier yn Suriname
It streamgebiet fan 'e Surinamerivier yn Suriname
geografy
lân Suriname
ûntspringt yn op de grins tusken it Wilhelminaberchtme en it Eilerts de Haangeberchtme
lokaasje boarne 3° 21' 32.8" NB, 56° 11' 43.4" WL
mûnet út yn Atlantyske Oseaan
lokaasje mûning 5° 55' 47.4" NB, 55° 10' 4.3" WL
sifers
lingte 480 km
By Leonsberg, Brokopondo-opslachmar
Brêge oer de Surinamerivier by de Afobakadaam

De Suriname of Surinamerivier is in 480 km lange rivier yn de midden en easten fan Suriname. De rivier ûntspringt yn it heechlân op de grins tusken it Wilhelminaberchtme en it Eilerts de Haangeberchtme en hjit dêr Gran Rio.

Nei de Brokopondo-opslachmar streamt de rivier lâns Brokopondo, Berg en Dal, de transmigraasjedoarpen Klaaskreek en Nij-Lombé, Joadesavanne, Karolina, Ornamibo en Domburg, eardat er de haadstêd Paramaribo op de linkerigge en Meerzorg oan de oare igge berikt. By Nij-Amsterdam komt de Kommewijne by de Suriname, en flak dêrnei mûnet de Suriname by de sânplaat Braamspunt út yn de Atlantyske Oseaan.

De rivier is breed en ûndjip en hat ferkate streamfersnelling. Teffens sitte der in tal keardamen yn de rivier dêr't de Afobakadaam fan, by de Brokopondo-opslachmar, de grutste is. De bopperin rint benei hielendal troch it Sipaliwini en de ûnderin giet troch of by de distrikten Brokopondo, Para, Kommewijne, Wanika en Paramaribo lâns.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]