Springe nei ynhâld

Lucie (rivier)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lucierivier)
Lucie

De Lucie is in rivier yn Suriname yn Súd-Amearika. De boarne fan de Lucie leit yn it noarden fan het Eilerts de Haanberchtme, dat mei oare berchkeatlings it Heechlân fan Guyana foarmet. De rivier rint dêrnei yn noardwestlike rjochting, oant tichteby de heechste berchtop fan Suriname, de Julianatop (1280 meter boppe de seespegel). Dêr bûgt de rivier ôf nei it súdwesten en dêrnei nei it westen. It lêste ein foar't de Lucie yn de Corantijn mûnet giet op 'en nij yn haadsaak yn noardwestlike rjochting. De Lucie is de noardgrins fan it ressort Koerûny mei de ressorten Kabalebo en Boppe-Koppename yn it distrikt Sipaliwiny.

De rivier is nei alle gedachten ferneamd nei in ferstoarn nichtsje fan Johan Eilerts de Haan, dy't de rivier op 16 oktober 1908 op in ekspedysje ûntduts.