Havelte
Havelte (Drintsk: Haovelte) is in esdoarp[1] yn it súdwesten fan de provinsje Drinte. Mei de doarpen Diever, Dwingeloo en Vledder foarmet it de gemeente Westerfjild (Westerveld).
Havelte wie oant 1 jannewaris 1998 in selsstannige gemeente. It doarp hie yn 2009 3.160 ynwenners.[2] Havelte hat in brink en in doarpsplein (Piet Soerplein). It doarp hat as bynamme de Pearel fan Drinte.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It leit oan de Drintske Haadfeart tichtby Wapserveen, Uffelte, Ruinen, Ruinerwold, Havelterberg en Darp. Tichtstbylizzende grutte plakken binne Meppel, Stienwyk en Hoogeveen.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Havelterberch
- Easter- en Westersân
- Brandefean
- Uffelter Binnenfjild
- Holtingerfjild
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dútsk fleanfjild 1942-1945
Yn de hjerst fan 1942 beslueten de Dútske besetters ten noarden fan Havelte in nij militêr fleanfjild mei byhearrende ynstallaasjes en gebouwen út de grûn te stampen (in saneamd Fliegerhorst). It wie bedoeld om fleanfjild Schiphol te ûntlêsten en ek soe der elk type fleantúch lanje moatte kinne. De bou waard dien troch ferplicht tewurkstelden en de oanfier fan nij boumateriaal barde oer de Drintske Haadfeart. Fierder ferfier waard dien troch lokale boeren dy't tsjin betelling ferplicht wienen mei harren hynder en wein beskikber te wêzen.
It fleanfjild is nea brûkt omdat de alliearden troch Drintsk spionaazjewurk fan û.o. Jan Poortman goed op de hichte wienen fan de foarderings. It fleanfjild waard bombardearre op 16 en 17 septimber 1944 troch 26 Ingelske Lancaster bommesmiters en op 24 maart 1945, om 9.00 moarns, troch 114 Amerikaanske Boeing B-17 bommesmiters. UYn it hjoeddeiske natergebiet en tagelyk militêr oefenterrein mei de Johannes Post kazerne tichtby lizzend, binne der noch altiten bomkraters en oare spoaren werom te finen.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlânske Herfoarme Tsjerke fan Havelte, bûten de buorren
- Nôtmole fan Havelte, Molewei 29.
- De hunebêden D53 en D54 op de Havelterberch
- Ungefear 12 grêfheuvels út de trachterbekerkultuer
- Flinterparadys Papiliorama
- Lângoed Overcinge
- Oarlochsmonumint as neitins oan Frânske flweander (luitenant-fleander baron François Roland Marie Fidèle Picot de Moras D’Aligny)
- Holtinger skiepskoai by Holtinge mei in kudde fan 200 oant 500 skiep
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Havelte hat ferskate winkels benammen yn de buorren fan it doarp. Der binne meardere hoarekagelegenheden en in rekreaasjepark ticht by de buorren. By it TIP Toeristisch Informatie Punt (TIP) kin ynformaasje ynwûn wurde. Der is in basisskoalle De Bosrank, de bibleteek, doarpshûs de Veldkei, âldereinwenfoarsjenning de Hofstede, it iepenloftswimbad "De Kerkvlekken", it iepenloftteater "De Speulkoele" en de 18 holes golfbaan. It gemeentehûs stiet sûnt 2009 yn Diever. Op it Piet Soerplein wurdt op woansdei fan 08.00 - 12.30 oere ek de wykmerk hâlden. De keapjûn is op freed.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Folksfeest Havelte, begjin septimber
- Iepenloftspul, op 9 jûnen yn july en augustus
- Lânmachtdagen yn de Johannes Post kazerne
Sportferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Golfklup Havelte
- Fuotbalferiening Havelte
- Rugby club The Big Stones
- HTC (Havelter Tennis Klup)
- Jeu de Boules club Havelte
- Koersbalferiening Havelte
- Kuorbalferiening UDI (Uitspanning Door Inspanning)
- Biljertferiening De Veldkei
- Sportferiening Dynamyk (Gymnastyk en Follybal)
- Anngelsportferiening Heno
- iisklup Havelte (reedriden)
- Bridgeklup Havelte
- Skermferiening Bras de Fer
- Sjoelklup Havelte
- Spul-o-teek Westerveld (Sport en Spulútlien)
- Wellnesscenter Havelte
- Swimbad De Kerkvlekken
- Follybalferiening HVC (Havelter Volleybal Club)
- Turnclub Dynamyk
- Mountainbike Feriening Havelte
- Reddingsbrigade Havelte e.o. (Swimferiening)
- LR & PC Huneruiters (Hynder en pony feriening)
- Ferskate klups, oanbean troch Welzijn Westerveld. Lykas Toaniel, Knustel, Kôk- en timmerklup.
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp leit oan de Provinsjale wegen N353, N371 en tichtbij Rykswei A32.
Der is per bus iepenbier ferfier fanút Meppel fan Qbuzz.
- Line 20 : Meppel-Havelte-Diever/Dwingeloo-Assen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Havelte fan Wikimedia Commons. |