Springe nei ynhâld

Klemenstsjerke (Havelte)

Ut Wikipedy
Klemenstsjerke

Clemenskerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Havelte
adres Uffelterkerkweg 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1310
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21033 (tsjerke)[1]
21034 (toer)[2]
offisjele webside
PKN Havelte

De Klemenstsjerke yn it Drintske Havelte is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Havelte. De eardere herfoarme tsjerke stiet eastlik fan it doarp en hat in skiednis dy't werom giet op de 12e-13e iuw. De tsjerke is in ryksmonumint.

De earste kapel waard nei it kristenjen fan de omkriten om 1200 hinne boud op it plak fan in heidensk hillichdom. It boumaterjaal foar de kapel wiene fjildstiennen en kleastermoppen. Yn 1309 joech biskop Guido fan Utert yn in tiid dat Havelte noch net bestie tastimming om de tsjerke te bouwen. De bou sette yn 1310 útein: de muorren waarden ferhege en de tsjerke waard langer makke. By it ynwijen fan de tsjerke wiene der twa alters, in oan de hillige Klemens wijd alter en ien foar de Jongfaam Marije. De wijingskrusen oan de noardlike en súdlike muorre binne noch jimmeroan oanwêzich. Oan de binnenmuorren fan de hjoeddeiske tsjerke is te sjen hoe't de romaanske tsjerke der ûngefear útsjoen hat. Mei de bou fan de westlike toer waard yn 1410 útein set.

Oargel

Om 1450 hinne waard de tsjerke ferhege mei in goatyske boppebou. It trijesidige koer krige in nij stiennen ferwulft, wylst tusken it koer en it skip in triomfbôge mitsele waard. Letter krige ek de rest fan de tsjerke stiennen gewelven.

Yn 1660 foar by in fûle stoarm in part fan de toer op de tsjerke. By de renovaasje moast ek in oare preekstoel oanskaft wurde.

Oan de noardlike kant waard yn ús tiid de 'Nije Wheeme', it tsjerklike sintrum, oanboud.

Ut de roomske tiid datearret in alterstien út 1310, dy't tsjintwurdich njonken de preekstoel as blêd fan de nachtmielstafel brûkt wurd. Ek is der noch in wijwetterbekken út de tiid doe't it in roomsk gebou wie. Yn it koer fan de tsjerke stiet in hearebank fan de famylje Lintman Homan út it tredde fearn fan de 17e iuw.

De 1666 kg. swiere lûdklok 'Sanctus Johannes' yn de toer waard yn 1516 troch Geart fan Wou getten.

It chamadron

Petrus van Oeckelen út Grins boude yn 1819 it oargel yn de tsjerke. It wie it earste oargel fan Van Oeckelen, dat er oarspronklik makke foar de Kleastertsjerke yn Assen. Likernôch healwei de 19e iuw ferhûze it oargelnei de Joazeftsjerke. It waard yn 1897 troch Van Dam út Ljouwert yn de tsjerke fan Havelte boud.

Yn trije fazes waard it oargel fan 1984 oant 2013 troch de Bruorren van Vulpen en Mense Ruiter restaurearre.

Cees Roubos boude yn 1988 yn de toer it chamadron, in unyk oargel fan 50 koperen pipen. Yn juny oant healwei septimber op saterdeitemiddeis tusken 16:00 en 17:00 skowe de pipen troch galmgatten fan de toer en wurdt it ynstrumint bespile. It konsert bywenje kostet neat.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: