Nasjonaal Flechtmuseum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De eardere flechtskoalle
Partij rotanstuollen út Noardwâlde op stasjon Pepergea, 1905

It Nasjonaal Flechtmuseum is in museum oer reidflechtsjen middenyn Noardwâlde. Yn de folksnamme wurdt it faak Rotanmuseum neamd. It sit yn it monumintale eardere Ryksreidflechtskoalle (1912). It museum toant de sosjale en kulturele skiednis fan Noardwâlde as flechtdoarp. Dêrneist jout de kolleksje in byld fan flechtkeunst en flechtskiednis út de hiele wrâld. Yn in wikseltentoanstellings lit it museum aspekten fan de hjoeddeiske tapassings fan fan flechtsje yn keunst en design sjen.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ryksreidflechtskoalle, Noardwâlde
Tekenles op de Ryksreidflechtskoalle (1942)

De ûntsteanskiednis fan it flechtsjen, de Reidflechtskoalle, de fabriken en it ferfier fan meubels krije hjir omtinken. De Ryksreidflechtskoalle waard oprjochte yn 1908. It skoalgebou is fan 1912 en is oant 1969 as flechtskoalle brûkt. It wie de bedoeling fan de inisjatyfnimmers fan de skoalle om de al besteande hûsyndustry fan reidflechters, kuormakkers en stuolwiners mear perspektyf te bieden. Ferneamd is ek de Turkse Knoop, in kuorke foar jern yn de foarm fan in Turkse Knoop. It wie ien fan de foarwerpen dy't op de skoalle makke waarden.

De earste direkteur fan de skoalle wie Harm Ellens (1871-1939), in Grinslanner. Syn opdracht wie it artistyk en ambachtlik nivo fan de flechtyndustry yn Noardwâlde op in heger nivo te bringen. De oplieding oan de skoalle duorre trije jier. Yn it museum is de ynrjochting fan it eartiidske praktyklokaal te sjen, sa't de situaasje yn de begjinjierren fan de skoalle wie. De skoalle die mei oan in soad eksposysjes op it mêd fan ambachtskeunst.

Yn 1966 sette Joop Beljon, direkteur fan de Haachske Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten, mei flechters en de skoalle de rotaneksposysje Foarm en Rotan op, wêrby't keunstner en yndustry tin in opfallende mienskipliker presintaasje kamen. De skoalle hat bydroegen ta de reputaasje fan Noardwâlde as 'Flechtdoarp fan Nederlân'. De ienige fakoplieding foar it flechtambacht luts nasjonaal en ynternasjonaal de oandacht fan media en learlingen. Dochs rûn it oantal learlingen werom. lden woenen harren bern in better bestean jaan as de flechtyndustry biede koe. Yn 1969 kaam in ein oan de skoalle.

Sûnt 2001 sit it Nasjonaal Flechtmuseum yn it gebou fan de eardere skoalle. Dit museum is fuortkomd út it Rotansintrum yn Noardwâlde.

Kolleksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it museum binne meubels, keunst- en gebrûksfoarwerpen, klean, ferpakkings, arsjitektuer sieraden en kuorren te sjen. Sa stiet hjir bygelyks de stoel fan Rik Felderhof en designstuollen fan Jan des Bouvrie en rotanstuoltsjes út de fyftiger jierren. Ek de keamer fan direkteur Harm Ellens út 1912 is ynrjochte as eartiids.

Foar bern binne der aktiviteiten en de "Flechtkuier" giet lâns plakken dy't mei de rotan en it flechtsjen anneks binne. Middels kursussen en workshops, mar ek troch wikseleksposysjes fan hjoeddeiske keunstners en ûntwerpers, wurdt it omtinken foar it ambacht yn stân hâlden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: