Harm Ellens

Ut Wikipedy
Harm Ellens, 1938

Harm Ellens (Grins, 20 augustus 1871 - Velsen of Santpoort, 22 septimber 1939) wie in Nederlânsk byldzjend keunstner en ûntwerper. Hy hat begjin 20e iuw as direkteur, sawol didaktysk as artistyk in wichtich stimpel drukt op it kunstnijverheidsonderwijs oan twa nij oprjochte ryksfakskoallen.

Harm Ellens die oplieding bylzjende keunst oan de Akademy Minerva yn Grins. In Keninklike Subsydzje stelde him 1891 by steat om syn oplieding te foltôgjen oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten te Amsterdam. Fierders skreau er him yn oan skoallen foar ambachtskeunst en tekenûnderwizers. Hy hat in warber ûntwerper west, mar syn arbeid wie dochs fral op it ûnderwiis rjochte. Syn ûntwerpen hawwe faak frijwat strakke foarmen.

Ryksfakskoallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn stúdzjes waard er tekenlearaar oan de ambachtsskoalle fan Arnhim. Teffens wie er dwaande mei it ûntwerpen fan reklameprintwurk en meubels. 1908 waard er frege as direkteur fan de nij te stiftsjen Ryksreidflechtsskoalle yn Noardwâlde (Fryslân). As direkteur krewearre Ellens foar ferbettering fan de pleatslike reidfrisselders, kuormakkers en stuolwiners. Hy hie in protte omtinken foar ûntwerp en ôfwurking en hat ek sels in soad ûntwerpen foar de flechters makke. Hy tilde de skoalle nei in heech artistyk en ambachtlik nivo.

Ellens syn didaktyske en organisatoaryske kwaliteiten foelen op. Yn 1920 waard er direkteur fan de nije Rijks Vak- en Kunstnijverheidsschool van Goud- en Zilversmeden en Horlogemakers yn Schoonhoven. Uteinlik wie er fan 1931 oant syn pinsjoen yn 1936 direkteur fan it Rijksopleidingsinstituut voor Teekenleraren bij het Voorbereidend Hoger, Middelbaar en Nijverheidsonderwijs.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: