Ald skyld

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Âlde skyld)

Ald skyld, Frânske skyld, keizersskyld of keningsskyld is in muntstik of jildbedrach. It stik kriichsark dêr’t de munt syn namme oan ûntliend hat stie as ôfbylding op dizze munt. Sûnt it midden fan de 14e iuw nimme dizze termen trochtocht; earst as oantsjutting fan in betelmiddel letter as weardefêst bedrach. As weardefêst bedrach wurdt de skyld oant fier yn de 16e iuw brûkt. Lang waard yn folle plakken de gongbere munten alle jierren ikere op de âld skyld en waard sa de wikselkoers tusken munten fêststeld.

Foaral yn 1348 komme gouden skylden yn de Noardlike Nederlannen. De skylden ha itselde gewicht as de alderearste suverene gouden skylden dy yn 1337 slein binne, mar it gehalte fan de legearing wie ferlege fan 24 karaat nei 23 karaat. De skylden waarden brûkt as betelmiddel en as tsjinwearde foar sulver. De âld skyld wurdt yn de rin as munt hieltiten minder brûkt, mar wurdt it symboal fan weardefêstichheid fan in ôfsprutsen bedrach.

Yn de Midsiuwen wie de priisferhâlding tusken goud en sulver aardich stabyl (1 gram goud tsjin 10 à 12 gram sulver), mar yn de 16e iuw nam it oanbod fan sulver sterk ta. Sulver waar doe minder wurdich tsjinoer it goud (yn de 18e en earste helte 19e iuw wie de ferhâlding 1 gram goud op 15 à 16 gram sulver).

It gebrûk fan âlde skylden wie foaral foar fjouwer saken:

  • Transaksjes mei de lânshear of mei hearen út de buert, sawol by ôfdracht fan belêstingen as by foarsje en werombeteljen fan foarskotten;
  • Transaksjes wêrby't langer dwaand kredyt en pachtjild belutsen wiene, benammen de ferkeap fan liifrinten;
  • Transaksjes dy har op gruttere ôfstân ôfspilen;
  • Betellings foar bewiisde tsjinsten as hjiryn in honorarium-elemint siet sa as by abbekaten en medisi, en foar jeften yn jild oan foaroansteanden fan bûten.