Springe nei ynhâld

Louis le Roy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Louis G. le Roy)
Louis le Roy
keunstner
Louis G. le Roy (2006)
Louis G. le Roy (2006)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Louis Guillaume le Roy
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 oktober 1924
berteplak Amsterdam
stoarn 15 july 2012
stjerplak It Oranjewâld
wurkpaad
wurksum as Keunstner,
Skriuwer,
Learaar tekenjen
bekendste
  wurk(en)
Ekokatedraal

Louis Guillaume le Roy (Amsterdam, 31 oktober 1924 - It Oranjewâld, 15 july 2012) wie in byldzjend keunstner, skriuwer en learaar tekenjen. Hy is bekend fan de Ekokatedraal dy’t er boud hat yn Mildaam.

Yn de sechtiger jierren fan de tweintichste iuw krige de oarspronklik út Amsterdam ôfkomstige Louis Le Roy fan de gemeente It Hearrenfean in stik plantsoen oan de Kennedyleane ta syn beskikking om dêr syn ideeën oer de krekte ferhâlding tusken mins en natoer yn praktyk te bringen. Sintraal yn syn ideeën stiet dat de mins de natoer net behearskje moat, mar gearwurkje moat mei har waakskrêft om sa de heechste graad fan kompleksiteit te berikken. Dizze kompleksiteit ferget net in koarte perioade, mar in langduerige ynteraksje tusken mins en natoer. Yn it Kennedyplantsoen betsjutte soks dat hy in bulte restmateriaal fan strjitmakkers ferwurke. Hy boude dêr in soad steapelmuorren sûnder dêr semint by te brûken. Dit moast in útgongssitewaasje biede foar de natoer om it wer te begroeien. De tsjinstelling fan dizze tún mei de kreas oanharke en meande gersfjildsjes levere him de bynamme "wylde túnman" op.

Yn 1973 ferskynde syn boek Natuur uitschakelen, natuur inschakelen (Natuer útskeakelje, natuer ynskeakelje). Dêryn skriuwt er oer syn ideeën hoe’t natoer en kultuer yntegrearre wêze moatte. Troch dit boek binne in soad minsken oan in natoertún begûn.

Yn de jierren santich begûn Louis Le Roy syn ekokatedraalprojekt. Hy kocht yn Mildaam in stik grûn dêr’t hy earst in tal beammen plante. Doe makke hy mei de gemeente It Hearrenfean de ôfspraak dat pún fan 'e gemeente op syn lân brocht wurde soe. Sa kamen oant hjoed de dei in protte frachtweinen pún stoarten op syn lân. Le Roy begûn te bouwen. Hy makke fan de stiennen, stoeperânen, en putten op syn lân muorren, tuorren en platfoarms, sûnder dêr semint by te brûken. Hy sette ek planten út, en joech oan kunde tastimming om rotsplanten út te setten. De bedoeling fan de ekokatedraal is dat der langere tiid oan boud wurdt, krekt as de katedralen yn de Midsiuwen. At men him freget hoe lang it duorret eardat it projekt klear is, antwurdet hy dat soks tûzen jier duorjen sil. At men him freget hoe heech it wurdt, seit hy dat de ekokatedraal trijehûndert meter heech wurdt.

It giet Le Roy lykwols folle mear om it proses as om it risseltaat. Mins en natoer moatte yn in langduerich proses in grutte kompleksiteit ûntwikkelje. Dat proses ferget lange tiid. Dêrom is ek de Stifting Tiid oprjochte om it bouwen oan de ekokatedraal en it útdragen fan syn ideeën nei syn dea fuort te setten. Dizze stifting organisearret alle jierren op 31 oktober in evenemint, dêr’t de betsjutting fan tige langduerige prosessen besjoen wurdt fan ferskillende fakgebieten út, lykas psychology, ekonomy, keunst, oerheid, ensfh.

Yn 2000 wûn Le Roy de oeuvreprijs fan it Fûns foar byldzjende keunsten, foarmjouwing en bouwkeunst. Yn 2003 skreau Le Roy it boek "Retourtje Mondriaan" (Hinne en werom Mondriaan) dêr’t hy op it mêd fan keunstskiednis, natoer en wittenskip de ûntwikkelings sjen lit fan de lêste hûnderten jierren, en in foarskot nimt op de kommende ûntwikkelingen op dizze gebieten. Yn 2007 krijt Le Roy de Gerrit Benner Priis foar syn hiele wurk. Le Roy hat ek in bysûndere samling glêswurk.

  • Natuur uitschakelen, natuur inschakelen, Utjouwerij AnkhHermes bv, 1973
  • Uilenspiegeltjes, Utjouwerij AnkhHermes bv, 1984
  • Natuur, Cultuur, Fusie, Nederlands Architectuur Instituut 2002. Mei teksten fan Piet Vollaard, Vincent van Rossem e.o.
  • Retourtje Mondriaan, Stichting Tijd (eigen behear), 2003
  • Dansen tussen fundamenten, Stichting Tijd (eigen behear), 2004. Mei Huub Mous, Peter Brinkman, Atte Bouma en Henk Pleiter
  • Jules Verne en de Cybiont / Het Ecokathedrale proces, Stichting Tijd (eigen behear), 2005. Tegearre mei Janos Koppandy
  • Leven en werken in ruimte en tijd, Stichting Tijd (eigen behear), 2006. Mei Piet Vollaard en Rob Hendriks
  • Het Technicum en de mondiale contraculturen, Stichting Tijd (eigen behear), 2007. Mei Huub Mous en Bert Dalmolen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]