Springe nei ynhâld

Jan Welles

Ut Wikipedy

Jan Welles (Tsjalbert, 29 septimber 1954) wie in hurdfytser tusken 1969 en 1997. Welles wennet yn Terwispel.

Mids 1969 begûn Welles mei fytsen en waard tredde op it distriktkampioenskip foar aspiranten. Doe't er slim kaam te fallen moast er syn mylt misse. Pas as nijeling ried er wer koarte útslaggen. Syn bêste jierren wienen 1983 en 1984. By de amateurs wûn hy kriteariums yn Feanwâlden, Dokkum, De Houtigehage en Gerkeskleaster, wylst hy yn 1983 yn Droegeham, by hûnewaar, Fryske kampioen op de wei waard. Yn 1989 wie hy de earste yn Stynsgea en trije jier letter die er it wat kalmer oan. Wol wûn er noch de Omgong fan Surhústerfean foar B-amateurs, en de distriktstitel by de feteranen yn Terwispel. Yn 1997 ried Jan Welles mei in amateurlisinsje yn it peloton.

As trainer wie de âld-Hearrenfeanster aktyf by fytsferiening Olympia, dêr't hy de sealtraining fersoarge en yn de winter joech er in oantal jierren bosktraining. In skoftlang wie er ek trainer by it reedriden. Twa jier, yn 1990 en 1991, wie Jan Welles trainer/ploechlieder fan de Fryske junioareseleksje. It bedriuw Bional BV út De Gordyk waard troch Welles ynhelle as sponsor foar syn seleksje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: