Stynsgea
Stynsgea | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 1.198 (↓) (2021) [1] |
Oerflak | 7,44 km² wêrfan lân: 7.16 km² wêrfan wetter: 0,29 km² |
Befolkingstichtens | 167 ynw. / km² |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 13' 04.6" N 6° 09' 44.7" E |
Webside | FB-side Doarpsbelang |
Stynsgea is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, súd fan Bûtenpost by it Prinses Margrietkanaal. By Stynsgea hearre ek de buorskippen Blauferlaat (mei in haven oan it Prinses Margrietkanaal), Reahel (in stripe mingde bebouwing by de noardkant fan it Prinses Margriet lâns) en Reaskuorre (de kant fan De Harkema út). It doarp wie eartiids haadplak fan de gritenij en is neamd nei de hillige Augustinus. Eartiids stie hjir de stins Siccamastate.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Doarpsblêd 'Us Blêd' ferskynt sûnt oktober 1975 hast alle moannen. Der is gjin eigen doarpshûs.
Doarpsskoalle De Twa-ikker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 2015 binne de iepenbiere skoalle De Maskelyn en de kristlike skoalle De Saad opgien yn in gearwurkingsskoalle. Fanâlds joegen boeren faak in namme oan harren stikken lân. Sa ferwiist de strjitnamme Skoalikker noch nei in stik lân by de earste iepenbiere skoalle fan Stynsgea. Yn 2016 is der, om't oerdrachtlik de ikkers fan twa skoallen gearfoege waarden, de namme De Twa-ikker ûntstien.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Fuotbalferiening ASC '75
- 'Jounswille' - toaniel
Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Augustinitsjerke (Stynsgea).
It âldste part fan de Augustinitsjerke is de toer út de 13e iuw en dy hie oant 1895 in sealtek. Om 1350 hinne waard de gotyske tsjerke wijd oan Augustinus. De muontsen fan kleaster Jeruzalim (Gerkeskleaster) hawwe him nei alle gedachten boud. Op in tekening út 1723 fan Jacobus Stellingwerf is goed te sjen dat it dak fan de tsjerke leger west hat. By in ferbouwing yn ± 1765 is de kap twa meter ferhege. By de restauraasje fan 1954-1957 kamen resten fan de eardere fresko's oan it ljocht. Der binne no skansearre ienfâldige ofbylden fan twa ingels en Sint Kristoffel te sjen. Yn 1994 wie der lykwols al wer in wiidweidige restauraasje nedich.
De klok út 1617 is getten troch Hans Falck fan Neurenberch út Ljouwert.
De Wikipedy hat ek in side Pypketsjerke (Stynsgea).
Njonken de Augustinitsjerke wie der oant 2016 ek noch in grifformearde tsjerke, de Pypketsjerke. De Pypketsjerke lei healwei Stynsgea en Surhuzum en wie it tsjerklik sintrum fan twa grifformearde gemeenten. Mei de fúzje fan de grifformearden en herfoarmen ta ien protestanske tsjerke waard de Pypketsjerke oerstallich en ferkocht.
Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 200 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1121 | 1188 | 1147 | 1157 | 1134 | 1150 | 1198 |
Doarpswapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It boek mei in baarnend hert yn it wapen ferwiist nei Sint Augustinus fan Hippo. De ikels en klaverbledsjes komme fan eardere aadlike famyljes (Gaickema, Jensma en Siccama) dy't hjir eartiids wennen.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten yn Stynsgea.
- De nammen Gaickema, Jensma en Siccama komme fan de aadlike famyljes dy't hjir wenne ha.
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Busline fan ferfierder Arriva:
- Line 12: Drachten - Nijtap - Rottefalle - De Houtigehage - Boelensloane -Surhústerfean - Surhuzum - Stynsgea - Bûtenpost
Berne yn Styngea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Willem Barteles van der Kooi (1768-1836), keunstskilder
- Ytzen van der Veen (1861-1931), arsjitekt
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
East fan it doarp stiet de Tsjasker Stynsgea, ien fan de lêste trije boktsjaskers fan Nederlân. Noch wat fierder by Blauferlaat stiet it oarlochsmonumint fan it doarp. It bestiet út in bulte fjildstiennen, wêrfan't ien de tekst FRIJDOM WIE DE HEEGHSTE WET draacht.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() | |
---|---|
Haadplak: Bûtenpost | |
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | |
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden |