Springe nei ynhâld

Kleaster Jeruzalim (Gerkeskleaster)

Ut Wikipedy
De brouwerij fan it kleaster waard 1629 ferboud ta Herfoarme tsjerke

Kleaster Jeruzalim is de namme fan in kleaster dat 1240 fan muontsen út kleaster Klaarkamp yn it Gerkeskleaster fan no stichte waard. Hoewol't yn 1240 stichte as in premonstratinzer kleaster, waard it kleaster njoggen jier letter yn 1249 opnaam yn de Sistersjenzer oarder. It kleaster waard boud fanwege grutgrûnbesitter Gerke Harkema fan Twizel. Sadwaande waard it yn de praktyk ek Gerke's Kleaster neamd. It kleaster wie wijd oan Marije en Benediktus. [1] Yn 1580 waard it kleaster opheft en yn 1594 waarden de gebouwen, útsein de brouwerij, ôfbrutsen. Dat gebou krige yn 1629 in nije bestimming en soe fungearje as de herfoarme tsjerke fan Gerkeskleaster. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Noomen, P.N. (1993). St. Gangolfus in de Izermieden: een 'Wüstung' in Achtkarspelen. It Beaken, 55(1), s.32-40.
  2. Andreae, A.J. (1975). Het klooster “Jerusalem” of het Gerkesklooster: eene bydrage tot de geschiedenis der kloosters in Friesland. Ljouwer: De Tille.