Ytzen van der Veen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Zuiderkerk (1901) yn Grins, dy't troch T. Kuipers en Van der Veen ûntwurpen waard

Ytzen van der Veen (Stynsgea, 11 oktober 1861 - Grins, 23 april 1931), ek wol Y. van der Veen yn de boeken, wie in Nederlânsk arsjitekt fan Frysk komôf.

Van der Veen, soan fan in timmerman, wie fral warber yn de stêd Grins. Yn'e mande mei syn kollega Tjeerd Kuipers (1857-1942) ûntwurp er de Sudertsjerke (1901) oan de Stasjonsstrjitte. Beide mannen arbeiden ek op oan de synagoge (1906) yn de Folkingestrjitte yn Grins. Beide pânen binne no ryksmonumint. Itselde jildt foar in yn 1909 yn Grins boud hearehûs, dat troch Van der Veen ûntwurpen waard. Nei alle wierskyn is de grifformearde tsjerke fan Zuidwolde ek troch him tekene.

Wurken (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1900-1901: Sudertsjerke, Grins (mei T. Kuipers)
  • 1905: Grifformearde tsjerke, Spyk[1]
  • 1906: Synagoge, Grins (mei T. Kuipers) [2]
  • 1908: Grifformaerde tsjerke, Zuidwolde
  • 1909: Hearehûs oan de Kraneweg, Grins
  • 1911: Grifformearde tsjerke (frijmakke), Schildwolde [3]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Stenvert, Ronald [et.al.] (1998) Grins. Monumenten in Nederland, diel 4. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9258 3. s. 196
  2. GroningerArchieven.nl, Hofmans Vertellingen - 100 jaar synagoge: Groningen had meerdere synagogen
  3. HDC, Inventarisatie Kerkelijke Gebouwen in Nederland - VUA S _tcm99-143612.pdf (Haadwei 34, Schildwolde)