Boelensloane

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Boelensloane
Flagge fan Boelensloane Wapen fan Boelensloane
Flagge Wapen
Lokaasje fan Boelensloane
Gemeente Achtkarspelen
Ynwennertal (2011) 1143
Webstee []
Komboerd
Boelensloane

Boelensloane is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, súdwest fan Surhústerfean. It doarp is in de 19e iuw ûntstien as buorskip op de Feanster Heide by Surhústerfean. De befolking libbe earder fan de turfwinning. De hûzen hearden doe ûnder Surhústerfean en der waard sprutsen fan de 'Feanster heide'. Der wie doe in soad earmoede en de ynwenners wienen meast sosjalist. De earmsten wennen yn plaggehutten en wâldhúskes. Letter hat der metaalyndustry west. Op it stuit is it sosjalisme minder sterk fertsjintwurdige yn de Boelensloane en hat de Partij foar de Frijheid de measte oanhang.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1240 stifte hear Gerricus of Gercke Harckema it kleaster "Jeruzalim" dêr't no Gerkeskleaster leit. Dit kleaster spile in grutte rol by de lettere ferfeantings besuden Surhuzum. De hearen Van Voort sleaten in kontrakt mei Jeruzalim om nei 1576 fjirtich jier lang turf grave te meien. It betsjutte it ûntstean fan Surhústerfean dat earst Surhusterfeanster heide of Feansterheide neamd waard, en letter fan Boelensloane.
Sûnt 1714 is der sprake fan bewenning fan de heide. Om 1725 wurdt in Boelens neamd, dy't oan de Folgeren feante (de kontreien noardeast fan De Folgeren) en grif de nammejouwer fan it doarp west hat. De sânreed nei de heide waard de Boelensleane neamd. In oare mooglike ferklearring fan de namme is it ferneamen fan it foarname laach dat trije grytmannen levere yn de 17e iuw. De famylje wenne oan de Blauhústerwei op it steed fan it tsjintwurdige 'Blauhûs' by de ôfslach nei Boelensloane. Nei 1810 waard der minder feante op de Feansterheide en kaam de net yn kultuer brochte heide (wer) foar it ljocht. De bewenners setten har mear en mear ta wenjen yn in heidedoarp dat bestie út spitketen en hoalen. De fersprate bebouwing út 1844 groeide letter út nei it doarp dat sûnt 1920 Boelensloane hjit. Om 1960 is besocht om de namme om te setten yn Boelensfean, mar dat is der net fan komd.

Doarpswapen en flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boelensloane ûntstie yn de tiid fan de turfwinning. It wapen is keperfoarmich trochsnien fan read en goud, mei oer alles hinne kruse twa stikken turfstekkersark: in stekker en in oplizzer mei de stâle nei ûnderen ta; in griene skyldfoet beladen mei in sulveren roas. It read ferwiist nei de heide en de striidberens fan de befolking, wylst it goud de sângrûn foarstelt. De griene skyldfoet is in ferwizing nei De Wâlden. De roas dêrryn is ûntliend oan it famyljewapen Boelens.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat likernôch 1.143 ynwenners en 492 huzen (2010). Troch de nijbou hat it doarp dat benammen bestiet út streekjes huzen en fersprate bebouwing wat mear in buorren krigen. Der is ien skoalle: de gearwurkingsskoalle 'de Wâldiik'. Dy skoalle is ûntstien troch in fúzje yn 2013 fan de eardere kristlike skoalle De Stile en de eardere iepenbiere skoalle de Jan van Zuilenskoalle. De doarpskrante van Boelensloane is 'Nijs fan 'e Loane'.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kuorbalclub Boelenslaan

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Boelensloane.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Busline fan ferfierder Arriva:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boelenslaan fan Wikimedia Commons.