Twizelerheide
Twizelerheide | ||
Grifformearde tsjerke | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Achtkarspelen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.795 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,00 km², wêrfan: - lân: 5,95 km² - wetter: 0,05 km² | |
Befolkingsticht. | 303 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14'N 6° 02'E | |
Lokaasje Twizelerheide (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen | ||
Offisjele webside | ||
Twizelerheide.net | ||
Kaart | ||
Twizelerheide is in doarp yn it noarden fan 'e gemeente Achtkarspelen. Under it doarp Twizelerheide falt ek in lyts diel fan 'e buorskip Kûkherne. Mei Sweagerbosk (Noardeast-Fryslân) en De Westereen (Dantumadiel) foarmet Twizelerheide in trijelingdoarp.
Twizelerheide hat 1.795 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de heide fan Twizel ûnstie tsjin it ein fan de 18e iuw en it begjin fan de 19e iuw bewenning yn earmoedige omstannichheden. As heidedoarp hat Twizelerheide bûten de bebouwing by de haadwegen lâns eartiids in fersprate bebouwing hân. Troch útwreiding nei de Twadde Wrâldkriich ûnstie stadichoan in doarpskom.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gearkomsten fan Pleatslik Belang wurde yn it doarpshûs De Jister holden. It doarpskrantsje hjit De Heidebingel. De ynwenners fan Twizelerheide wurde yn 'e regel heidepiken, heidekobben of heidehippers neamd.[3]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Herfoarme tsjerke, Smitswei 1
- Grifformearde tsjerke, Bjirkewei 86
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kristlike basisskoalle De Reinbôge
- Iepenbiere basisskoalle It Twaspan
- Pjutteboartersplak It Boartershûske (yn 'e Jister)
Eartiids mochten bern dy't yn Twizelerheide nei skoalle gienen in stik koeke fan de Koekebeam plôkje.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
De list is û.o. mei help fan 'e hiemside fan Twizelerheide opsteld. Sjoch op 'e hiemside fan Twizelerheide foar de meast aktuele list fan ferieningen.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.495 | 1.461 | 1.434 | 1.449 | 1.511 | 1.959 | 1.830 | 1.785 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wim van Mourik (1919–1980), ARP-politikus
- Gerriet Postma (1932-2009), skilder
- Johannes Lützen Bouma (1934), ekonoom
- Romke Henstra (1950–2007), folkssjonger (bekend as Rommy)
- Hepie Postma (1956), sjongeres
- Hepie Hiemstra (1961), sjongeres
- Mariska Kramer-Postma (1974), atlete
Piratemuzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut it doarp Twizelerheide komme ferskillende folkssjongers dy't regionale of lannelike bekendheid krige. Ek makke it doarp namme mei ferskillende piratestjoerders.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bjirkewei troch it doarp jout nei it westen ferbining mei De Westereen en mei Noardburgum en nei it easten mei Twizel.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Twizelerheide.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Achtkarspelen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Bûtenpost • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | ||
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden | ||
· · |