Springe nei ynhâld

Mariska Kramer-Postma

Ut Wikipedy
Mariska Kramer-Postma
sporter
Mariska Kramer-Postma yn 2011
Mariska Kramer-Postma yn 2011
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 april 1974
berteplak Twizelerheide
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport triatlon, duatlon, atletyk
earste titel Nederlânsk kampioene duatlon 1999
wichtige prestaasjes
Sjoch nl:Mariska Kramer-Postma#prestaties
offisjele webside
Persoanlike webside

Mariska Kramer-Postma (Twizelerheide, 26 april 1974) is in Nederlânske triatlete, duatlete en atlete. Se waard twa kear Nederlânsk kampioene op de duatlon en ien kear Nederlânsk kampioene triatlon op de lange ôfstân. Se die ferskate kearen mei oan in Ironman, dy't hja twa kear wûn.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kramer-Postma waard ynspirearre troch de AVRO-telefyzjebylden fan de triatlon fan Almere. Yn 1995 die se foar it earst mei oan dy wedstriid, wylst dit pas har tredde triatlon wie dy 't se ea die. Har earste sukses helle se yn 1996 mei in sulveren medalje op it NK triatlon op de middenôfstân yn Limboarch.

Yn 2001 wûn se de triatlon fan Stein en yn 2003 en 2004 waard se twadde by dy wedstriid.

Yn 2005 waard se 42e frou by de Ironman Hawaï. Sûnt 2005 sit Kramer-Postma yn de Nederlandse Triatlon Bond-seleksje. Yn dat jier wûn se ek de Ironman France en waard se eare mei de Thea Sybesma Award. In jier letter waard se twadde yn Nice.

Sûnt 2006 is se berops triatlete, wennet yn Drachten en is troud mei triatleet Sjaco Kramer.

Nei blessueres yn 2006 en 2007 hat Mariska Postma-Kramer yn 2008 wer oansprekkende resultaten boekt, lykas de winst yn de maraton fan Jacksonville, Floarida (FSA) yn in nij persoanlik rekôr fan 2:45.23, it Nederlânsk kampioenskip op de (triatlon) lange ôfstân yn Stein en in twadde plak op it wrâldkampioenskip lange ôfstân (duathlon) yn it Belgyske Geel.

Fan 2010 ôf rjochtet Mariska Kramer-Postma har yn 't foarste plak op de weiatletyk en hat sy har triatlon en duathlon wedstriidkarriêre ôfsletten. Binnen de weiwedstriidatletyk rjochtet sy har benammen op de maratonôfstân.

Persoanlike rekôrs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underdiel Prestaasje Datum Plak
10 km 33.57 1 septimber 2013 Tilburg
heale maraton 1:13.52 16 oktober 2011 Columbus
30 km 1:56.22 15 febrewaris 2004 Skoarl
maraton 2:35.46 20 novimber 2011 Philadelphia

Prestaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch nl:Mariska Kramer-Postma#prestaties

Underskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sportfrou fan it jier Smellingerlân - 2002, 2003, 2004, 2005, 2007, 2008, 2009, 2010
  • Thea Sybesma Award - 2005

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: