Springe nei ynhâld

Schoorl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skoarl)
Schoorl
Alde riedshûs
Alde riedshûs
Emblemen
               
Polityk
provinsje Noard-Hollân
gemeente Bergen
Sifers
Ynwennertal (1 jannewaris 2023)
Oerflak 31,35 km², wêrfan:
- lân 30,96 km²
- wetter 0,38 km²
Oar
Koördinaten 52° 42 'NB, 4° 41 'EL
Offisjele webside
www.duindorpschoorl.nl
Kaart
Schoorl (Noard-Hollân)
Schoorl

Schoorl is in doarp yn 'e gemeente Bergen yn 'e provinsje Noard-Hollân. Oant 1 jannewaris 2001 foarme Schoorl mei de doarpen Aagtdorp, Schoorldam, Bregtdorp, Catrijp, Groet, Hargen en Camperduin in selsstannige gemeente.

It doarp wie yn 'e 10e iuw bekend as Scoronlo, yn 1094 as Scorla, yn 1390 as Scorle en yn 1639 as Schoorel. Yn 'e hege midsiuwen lei it doarp yn it gebiet tusken de dunen en it eardere rivierke Rekere, krekt súd fan it streamgat Zijpe. De plaknamme mei lo soe ferwize nei bosk op hege sângrûn by sompich iggelân. It lêste is ôflaat fan it Germaanske wurd skaurna. Yn it Ingelsk is it ek wurd shore dêrfan ôflaat.

De âlde en yn 'e 18e iuw ôfbrutsen tsjerke fan Schoorl.

Op 27 augustus 1799 besochten de Ingelsen en Russen troch in ynvaazje yn it noard fan Hollân it steedhâlderlik bewâld te werstellen. It doarp krige it doe swier.

Yn 'e dunen fan it doarp lei op 'e grins mei Bregtdorp it kamp Schoorl, dat yn 1939 as legerkamp oanlein wie. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it troch de Dútske besetter as ynternearings- en konsintraasjekamp brûkt. Ein 1941 waard it sletten. Fan 'e 649 joaden dy't nei in oar konsintraasjekamp op transport set waarden, oerlibben mar twa de oarloch. In ienfâldich monumint betinkt de slachtoffers.

It dúndoarp waard tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw bekend ûnder toeristen. Op in soad hiemen waarden al yn it begjin fan 'e 20e iuw hûskes delset, dy't simmerdeis ferhierd wurde koene. Hjoed-de-dei binne der ferskillende fakânsjeparken en hotels. Yn Schoorl steane sawol 19e-iuwske stolppleatsen en arbeidershûskes as lúkse filla's út de iere 20e iuw op 'e monumintelist. De filla Spannenburg út 1908 is in geef foarbyld fan Art Nouveau-arsjitektuer.

Tusken augustus 2009 oant maaie 2011 waard it doarp troffen troch brannen yn it dún- en boskgebiet. Hûnderten hektare oan natoergebiet gyngen ferlern. Nei alle gedachten waard hast eltse brân feroarsake troch brânstifting. Begjin maaie 2011 waarden nei in nije brân trije minsken oppakt. Twa dêrfan bekenden dat hja lytse brannen stift hiene, dy't de brânwar gau wist te dwêsten. De tredde fertochte moast frijlitten wurde, mar neitiid binne der hast gjin brannen mear west.

Klimdún.

Súd fan Camperduin leit oan 'e kust Hargen aan Zee, it baaiplak fan Hargen. Dy bestiet út in strânopgong mei in parkearterrein, de haadpost fan 'e reddingsbrigade en op it strân in strântinte. De folgjende strânopgong is dan dy fan Schoorl oan See mei in post fan 'e reddingsbrigade. Fanút Schoorl kinst allinne mei de fyts of te gean by de see komme.

Tusken Schoorl en Schoorl oan See lizze de Schoorlske Dunen, dat fan Steatsboskbehear is. Yn it gebiet lizze in pear fan 'e heechste dunen fan Nederlân. Hiel bekend is it 51 meter hege klimdún, dat fuort yn it doarp útkomt.

Tusken Bergen aan Zee en Schoorl oan See leit oan 'e kust it natoergebiet De Kerf. Yn 1997 is yn 'e earste dúnrige in gat iepene om it seewetter oant de efterlizzende dúnrige yn'e dúndelling tagong te jaan, sadat der troch in brak miljeu seldsume planten groeie kinne.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nôtmûne 'Kijkduin'

Njonken de dunen binne de Herfoarme tsjerke út 1783, it eardere riedshûske út 1601 en de nôtmûne Kijkduin út 1755 it besjen wurdich.

In lange tradysje is de saneamde fammemerk (meidenmarkt) op twadde Pinksterdei, in doarpsfeest dat by it Klimdún organisearre wurdt.

Sûnt 2008 wurdt de Klimdúnrun organisearre, in wedstriid om sa gau mooglik omheechrinnend de 110 m fan it klimdún ôf te lizzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is in oersetting fan it Nederlânsktalige lemma, sjoch foar referinsjes/boarnen op nl:Schoorl