Oerlis:Skoarl
Appearance
Namme
[boarne bewurkje]Der is sprake fan Kamp Skoarl, dêrfandinne ek it lemma Skoarl neamd. Skoarl komt net op 'e list fan ferfryske plaknammen foar, mar ik leau dat Skoarl wol aardich ynboargere is en dit net op in soad wjerstân stjit. As dat al it gefal is hear ik it wol. Folget der gjin beswier dan foegje ik de namme oan 'e list ferfryske plaknammen ta. (oerlis) 21 okt 2024, 20.20 (CEST)
@Ieneach fan 'e Esk: Ik sjoch dat jo de namme fan it artikel nyskrektsa al feroare ha. Bêst hear, mar hiene jo dit hjir boppe ek lêzen?--RomkeHoekstra (oerlis) 21 okt 2024, 21.24 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Oeps, Romke, nee dat hie ik net. Ik begjin by Koartlyn Feroare altyd fan ûnderen ôf en soms smyt dat swierrichheden op om't ik dan dingen doch wylst ik noch net sjoen haw wat der letter dy deis oer datselde ûnderwerp skreaun of dien is. Sa seach ik no dat jo in artikel oer de mole Kijkduin (Schoorl) skreaun hiene. Doe seach ik dat de side oer it plak Skoarl hiet. Dus ik tocht, dat moat ik mar even oanpasse, want dat plak stiet net op 'e list fan ferfryske plaknammen. Alles moai ynoarder, ek Kamp Skoarl omneamd, en no sjoch ik pas dat jo de oare rjochting út wolle. Sorry, it wie net myn bedoeling om jo yn 'e tsjillen te riden. En oft it no Schoorl of Skoarl wurdt, makket my net safolle út, dus it kin om my wol wer weromferoare wurde. Hawwe oare meidoggers @Drewes, Kneppelfreed, en FreyaSport: hjir in miening oer? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 okt 2024, 21.27 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Bêst genôch. Wy wachtsje eefkes Drewes, Kneppelfreed, FreyaSport ôf.--RomkeHoekstra (oerlis) 21 okt 2024, 21.44 (CEST)
- @RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk, @Drewes en @FreyaSport, Skoarl soe eventueel wol kinne, want dêr binne boarnen bûten de wikipedy, lykas hjir. Kneppelfreed (oerlis) 22 okt 2024, 00.04 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Bêst genôch. Wy wachtsje eefkes Drewes, Kneppelfreed, FreyaSport ôf.--RomkeHoekstra (oerlis) 21 okt 2024, 21.44 (CEST)
- Ik leau dat Skoarl frijwat ynboargere is, dat om my kin it wol. Drewes (oerlis) 22 okt 2024, 16.12 (CEST)
- Dan feroarje ik it wer. Tank foar de reaksjes.--RomkeHoekstra (oerlis) 22 okt 2024, 20.20 (CEST)