Jacksonville (Floarida)
Jacksonville | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Floarida | |
County | Duval County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 836.507 (2012) | |
Oerflak | 2.265 km² (ynkl. wetter) 1.935 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 424,8 / km² | |
Stêdekloft | 1.306.251 (2012) | |
Hichte | 5 m | |
Oar | ||
Stifting | 1791 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 30°20′13″N 81°39′41″W | |
Offisjele webside | ||
www.coj.net | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Jacksonville yn Duval County en yn 'e steat Floarida. |
Jacksonville, gauris byneamd Jax of J-ville, is de grutste stêd yn 'e súdeastlike Amerikaanske steat Floarida. De stêd leit yn it uterste noardeasten fan 'e steat, likernôch 40 km besuden de grins mei Georgia, oan 'e igge fan 'e rivier de St. Johns, deunby de Atlantyske kust. It hat as biedwurd Where Florida Begins ("Dêr't Floarida Begjint"). Jacksonville is it haadplak fan it omlizzende Duval County, wêrmei't it bestjoerlik in konsolidearre stêd-county foarmet, wat sizze wol dat it stedsbestjoer fan Jacksonville tagelyk ek it countybestjoer fan Duval County is. De county omfiemet lykwols njonken Jacksonville ek noch fjouwer oare, folle lytsere gemeenten dy't net ta Jacksonville hearre en dus in ekstra bestjoerslaach hawwe, lykas Baldwin en Jacksonville Beach. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Jacksonville doe goed 835.000 ynwenners, wat it ta de tolfde stêd fan 'e Feriene Steaten en de grutste stêd fan Floarida makket mei likernôch twa kear safolle ynwenners as it folle bekendere Miami. Mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby komt Jacksonville as stêdekloft út op in befolking fan rom 1,3 miljoen minsken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krite fan Jacksonville waard foar de kolonisaasje troch Jeropeänen lange tiid bewenne troch de Timûkûa-Yndianen, dy't op it plak dêr't Jacksonville no leit in doarp hiene dat Ossachite hiet. De earste Jeropeaanske ûntdekkingsreizger dy't it gebiet oandie, wie de hugenoat Jean Ribault, yn 1562. Twa jier letter stifte in oare Frânsman, René Goulaine de Laudonnière, oan 'e rivier de St. Johns it Fort Karolina, dat lykwols yn 1565 troch de Spanjerts, dy't oanspraak makken op hiele Floarida, ferovere waard en doe de namme fan San Mateo krige.
Spanje stie Floarida yn 1763 ôf oan 'e Britten, dy't it yn 1783 wer weromjoegen oan Spanje, wêrnei't it regear yn it fiere Madrid it gebiet yn 1821 ferkocht oan 'e Feriene Steaten. Yn 1791 wie der deunby de mûning fan 'e St. Johns in delsetting ûntstien by in furde yn 'e rivier dy't tsjinne foar it oerbringen fan fee fan iene nei de oare kant, en sadwaande troch de Britten Cow Ford neamd waard. Nei't Floarida yn Amerikaanske hannen oergien wie, waard it plakje omneamd ta Jacksonville, nei de generaal en lettere presidint Andrew Jackson.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie Jacksonville in wichtich havenplak foar de Súdliken, dy't dêr mei wikseljend súkses besochten de Noardlike kustblokkade te omsilen om hannel te driuwen mei Jeropa. Under de weropbou nei de oarloch en yn it lêste trêdepart fan 'e njoggentjinde iuw ûntjoech Jacksonville him ta in oard dêr't de elite út 'e grutte stêden oan 'e Amerikaanske eastkust de winter trochbrocht. Yn 1901 waard de binnenstêd fan Jacksonville troffen troch de Grutte Brân fan 1901, dat ien fan 'e grutste rampen út 'e skiednis fan Floarida wie. Yn acht oeren tiid rekken der 10.000 minsken dakleas; nei't it skynt koene de flammen sjoen wurde yn Savannah, yn Georgia, en de reekplom alhiel yn Raleigh, yn Noard-Karolina.
Yn 'e jierren 1910 waard Jacksonville koarte tiid ien fan 'e sintra fan 'e stomme-filmyndustry, oant dêr troch de opmars fan Hollywood as ìt mekka fan 'e filmmakkelei in ein oan kaam. Yn 'e desennia dêrop ûntwikkelen it bankwêzen en de Amerikaanske Marine har ta grutte wurkjouwers yn Jacksonville. Nei de Twadde Wrâldoarloch hie de stêd slim te lijen fan 'e flecht fan fral begoedige blanke boargers út 'e binnenstêd wei nei de bûtenwiken en foarstêden ta, wat resultearre yn in grutte delgong fan 'e gemeentlike belestingynkomsten en in jierrenlange ferpaupering fan guon stedsdielen. As reäksje dêrop besocht Jacksonville syn foarstêden te anneksearjen, mar de kiezers dêre wisten dat tusken 1960 en 1965 tsjin te kearen by seis ûnderskate referinda. Yn dyselde snuorje kaam in grut korrupsjeskandaal yn it stedsbetsjoer oan it ljocht, wat de stêd noch fierder yn it ûnleech brocht.
As remeedzje foar alle swierrichheden waard doe foarsteld om it stedsbestjoer en it countybestjoer fan Duval County mar mei-inoar fersmelte te litten, en dat útstel waard yn 1967 troch de kiezers goedkard. Sadwaande waard Jacksonville yn 1968 in konsolidearre stêd-county. Sûnt hat it steds- en countybestjoer him ynset om Jacksonville op ekonomysk mêd wer by de wâl op klauwe te litten.
Jacksonville hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Jacksonville is foar in grut part basearre op trochfier en hannel, mei't it de grutste djipwetterhaven fan it Amerikaanske Suden hat, dy't teffens de op ien nei grutste haven oan 'e Amerikaanske eastkust is. Oare wichtige pylders fan 'e ekonomy binne it bankwêzen, biomedyske technology, de lichte yndustry, it fersekeringswêzen en de tsjinstesektor yn it algemien. Jacksonville is ek de op twa nei grutste Amerikaanske marinehaven, nei Norfolk yn Firginia, en San Diego yn Kalifornje. Wat berikberheid oangiet, wurdt de stêd tsjinne troch it Jacksonville International Airport, dat sa'n 20 km benoarden de stêd leit.
Op it mêd fan heger ûnderwiis hat Jacksonville de Universiteit fan Noard-Floarida (UNF), dy't yn 1972 oprjochte waard, de Jacksonville Universiteit (JU), dy't út 1934 datearret, en fierders in regionale kampus fan 'e Universiteit fan Floarida (UF) en in stikmannich lytsere ynstellings. De âldste universiteit fan 'e stêd is it Edward Waters Kolleezje, histoarysk in swarte hegeskoalle, dy't stifte waard yn 1866.
Oangeande toerisme en ferdivedaasje kin men yn Jacksonville û.m. de karaktereigen binnenstêd besykje, mei bygelyks de wyk Jacksonville Landing, dêr't winkels en restaurants har fuort oan 'e rivierkant befine. De stêd is de thúsbasis fan it Amerikaansk footballtiim de Jacksonville Jaguars, en hat dêrnjonken in stikmannich museä, wêrûnder ferskate keunstgaleryen lykas it Cummer Museum of Art and Gardens, it Museum of Contemporary Art Jacksonville en it Alexander Brest Museum and Gallery. Oare museä binne it wittenskiplike Museum of Science & History (MOSH), dat in eigen planetarium hat; it Jacksonville Maritime Museum, in skipfeartmuseum; en it LaVilla Museum, dat de skiednis fan 'e Afro-Amerikanen beljochtet. Ek binne der de Jacksonville Zoo and Gardens, de pleatslike dieretún, en Adventure Landing, in ferdivedaasjepark. Ien kear yn it jier fynt fierders yn Jacksonville it Jacksonville Jazz Festival plak, dat it op ien nei grutste jazzfestival fan 'e Feriene Steaten is. Yn 2008 waard Jacksonville oandien troch 2,8 miljoen meardeiske besikers, dy't hast $1 miljard yn 't laadsje brochten.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Jacksonville 10,3% âlder as 65 jier en 26,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,0% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 12,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 51,1% blanken; 30,7% swarten; 7,7% Latino's; 4,3% Aziaten; 0,4% Yndianen; 5,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Op taalkundich mêd waard yn 2000 fêststeld dat yn Jacksonville 90,6% fan 'e befolking yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Spaansk mei 4,1% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Tagalog (oftewol Filipynsk), mei 1,0%. Wat it etnysk komôf fan 'e blanke befolking oangie, foarmen Dútsers (9,6%), Angelsaksyske Amerikanen (9,3%), Ieren (9,0%), Ingelsen (8,5%) en Italjanen (3,5%) de grutste groepen.
Berne yn Jacksonville
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Theodore Roosevelt IV (1940), bankier
- Bob Hayes (1942-2000), Amerikaansk fuotballer
- Ashley Greene (1987), model en aktrise
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jacksonville hat in fochtich subtropysk klimaat, mei smoarhjitte simmers en tige mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 18,2 °C. Rekôrtemperatueren wiene 40 °C op 28 july 1872 en 11 july 1879, en –14 °C op 21 jannewaris 1985. Jacksonville kriget jiers trochinoar 1.330 mm delslach; snie komt mar hiel selden foar. Wat orkanen oanbelanget, dêr hat Jacksonville yn it ferline minder lêst fan hân as de measte oare stêden oan 'e Amerikaanske eastkust, mar de driging wurdt dêr net minder om. Yn septimber 2017 hie Jacksonville te krijen mei swiere oerstreamings dy't it gefolch wiene fan 'e trochtocht fan 'e orkaan Irma.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|