Springe nei ynhâld

Rommy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Romke Henstra)
Rommy
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 jannewaris 1950
berteplak Twizelerheide
stoarn Ljouwert
stjerplak 22 april 2007
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk
grutste hit(s) Ave Maria
jierren aktyf 1985-2006

Rommy (echte namme: Romke Henstra) (Twizelerheide, 8 jannewaris 1950 - Ljouwert, 22 april 2007) wie in Fryske folkssjonger. Hy hy as bynamme de stim fan de Wâlden.

Rommy song al as lytse jonge. Syn earste single kaam yn 1985 út. It wie in nûmer fan Freddy Fender, wêrfan't er de tekst yn it Nederlânsk oersetten hie. Yn 1986 tekene hy by it platelabel De Stille Genieter út De Harkema en mei harren gearwurking binne mear as 10 cd's ferskynd.

Henstra wie net echt in ûnbekende yn it artiestesirkwy, hy trede mei in soad nocht yn it lân op. Oer publisiteit hie Rommy neat te kleien. Syn súkses late ûnder oare ta optredens by Veronica, de VARA (Jack Spijkerman), de NCRV en by Call TV.

Yn it begjin fan syn karriêre song Rommy yn kafees en oare gelegenheden wêr't mar plak wie foar inkele tsientallen minsken. Uteinlik waard it grutte poadium it plak dêr't Rommy geregeld optrede en syn publyk fermakke.

Rommy ferklearre syn súkses sa: "Ik besykje wol in boadskip yn myn teksten oer te bringen sûnder belearend wêze te wollen. Gjin yngewikkelde teksten, mar gewoan rjocht oan sjonge oer itjinge dêr't ik sels efter stean en dêr't ik fan wit dat it de minsken oansprekt".

Syn fans wenje oer it generaal yn it noarden fan Nederlân, mar ek yn oare dielen fan it lân. Hy ferstoar op 57-jierrige leeftyd oan sloktermkanker.

  • Verloren liefde
  • Blauwe lucht en zonneschijn
  • De levensklok
  • Mijn vriend
  • Als je zorgen hebt
  • De gouden ring
  • Rode rozen
  • Tango der liefde
  • Deze keer
  • Avondrood
  • Kus me voor de laatste keer
  • Drie peseta`s
  • Twee sterren
  • Dromen kan niemand verbieden
  • Mooie moeders, mooie dochters
  • Steeds weer huil je
  • De gouden ring
  • Deze keer
  • Slaap m’n prinsesje, slaap zacht
  • Zwarte Madonna
  • Niemand dwingt mij
  • Ave Maria
  • Rommy & De Stille Genieter

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: